De Noaren komme, mar net nei Thialf

Bislett stadion, Oslo
Jan Egil Storholt, Kay Arne Stenshjemmet, Sten Stensen, Amund Sjøbrend. Kenne jim se noch? It gouden tiidrek fan de Noarske 4 S'en? Se wienen de skrik foar alle Nederlânske reedriders. Doe wie reedriden noch in sport dêr't moandeis oer praten waard. De bylden út Oslo dêr't it Bislett stadion ôfladen fol siet. 

Hiel wat oars as de treasteleaze TV dy't it ôfrûne wykein út Astana te sjen wie. Lokkich koenen je ek nei de Six Nations rugby skeakelje, dêr't wol passy en belibbing fan de tribunes rôle. Ik seach folle leaver nei in wedstriid dêr't de manlju mei muoite ûnder de 40 tellen bleaunen, mar dêr't it HEIJA, HEIJA!!! skandearre waard as nei in superflugge Rus mei in net út te sprekken namme dy't foar gjin publyk in toptiid del set. Boeiend, hear... It sil wol. 

Mar hoe dan ek, de tiid fan de Noaren brekt wer oan, want se komme dizze kant wer út. Wy binne hjir yn Nederlân sa braaf as it mar kin, wy betelje sleatten belesting oan Brussel, wy binne sa bang foar Teeven en Opstelten dat we algeduerigen 40 ride en al hielendal net ien âlderwetsk op de bek slaan. 

Resultaat: Wy ha tefolle cellen! Wat in drama. Leechstân yn de kriminele wrâld. Om je slap te laitsjen. Wat in mietjes hjir. 

Mar ja, wy ha dy VOC mentaliteit no ien kear, dus hebben wij daar het volgende op gevonden. Helje in soadsje kriminele Noaren op en ferhier de finzenissen oan dat folk. 


Yn Thialf, doe't reedriden noch in bûtendoarsport fan bikkels wie, lei wolris in Noar noflik te koesen wylst de 4 S'en de Nederlanners in pak op de broek joegen. De jenever, bearenburg en it bier koste hjir neat yn fergeliking ta Noarwegen, dus wienen dy Noaren altyd fleurich en op 't skik. Ik kin my dan ek net folle foarstelle by kriminele Noaren, mar se sille der grif wêze. 

Ik bin net op de hichte mei de TV situaasje yn de finzenissen, mar ik bin fansels de beroersdste net en wol it personeel wol efkes in tip jaan. 

Noaren fine gjin flikker mear oan reedriden. As je se ekstra straffe wolle, moatte jim dat fertoane. Ha se leaf west en meie se beleane wurde: Set dan de TV op IBA biathlon of NHL hockey, want dêr wurde se fleurich fan. 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen