Op de snelkoker nei Herema State

Kinne jim dy reklame fan dat fanke dat mei in gettoblaster in seal yn daveret dêr't in ploech âlderein op de wyklikse bingo sit te wachtsjen? De dame begjint mei in wylde workout en de âldsjes dogge nei in tel as wat ferwoest mei. Ik fyn it in tige slagge reklame, allinnich ferjit ik steeds wêr't it reklame foar is... Lokkich is der Youtube, dus hjir is er:


De âlderein moat fermakke wurde. Op It Feen ha se grutte plannen wat dat oangiet. Fjouwer bejaarde- en ferpleechtehûzen, sa as wy se gewoanwei neamden, sille plat. No bin ik lokkich noch net op in leeftiid dat ik dêr gebrûk fan meitsje, mar doch ha ik wol wat mei twa fan de fjouwer.

Huize Anna Schotanus stiet op de râne fan Oranjewâld, Aldskoat en It Feen. Yn de seal is alle sneinen preek, minsken út Oranjewâld gienen dêr gauris hinne, ik leau sels dat tsjerklik Oranjewâld dêr by hearde. Ik ha der ek in soad sitten. Oan de iene kant fan de romte sieten de pasjinten, om sa mar te sizzen, oan de oare kant de 'gewoane' minsken. Sa seach ik dat mei berne-eagen. Sa no en dan wie der wolris in opstiging, immen dy't dûmny neidie, lûd om in suster rôp, begûn te sjongen of it net mei de preek iens wie en dat helderop sei, sûnder der by nei te tinken wat in oar der fan fûn. Dat wienen spannende mominten. Der wie altyd wol ien dy't yn 'e sliep sukkele. En liet der wolris in besiker in fikse skeet of koe it wetter net ophâlde. Allegearre saken dy't je as bern registrearje en nea wer ferjitte.  

Herema State stiet himelsbreed minder as in kilometer fierderop. Flak njonken Thialf. Dêrneist stiet in hûs dat earder as pastorije tsjinne en dêr wie ik as jongbaas ynhierd om de mollen te fangen. Dat koe moai yn ien kear mei in besite oan beppe Hinke, dy't yn in aanleunwenning yn Herema State wenne. Se hie it each op de dyk en der miste har eins nea wat. As ik op de racefyts kaam, wie ik der wis fan dat se my al sjoen hie. Se wist it wurd foar racefyts net, mar sei dan: 'Moai, dêr wiest al. Bist op de snelkoker?'

Tiden hawwe tiden, de âlderein moat betsjinne wurde op in nijmoadrige wize, yn up to date gebouwen. Mar alle kearen as ik der del kom, sjoch ik noch efkes fansiden, nei it rút dêr't beppe altyd efter siet. Steefêst mei wat yn hannen, haken of breidzjen. 'Ledigheid is des duivels oorkussen, ik gean hjir net mei lege hannen sitten, want do wolst grif wol in pear sokken op dyn jierdei ha,' sei beppe.

Earlik sein: Smyt mar plat. Resint is foar my alle sjeu fan it gebou ôfgien. It spoar lei te ticht by.










Reacties

  1. Bjusterbaarlik wer. Nou hat mien heit ien Heremastate it sicht op de dyk en geat idd sneins nei de preek ien AS. Mooi toch..

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen

'Skip the cow'