Marijkemuoiwei op syn Grinzers

Eins soe ik wol meidwaan kinne oan in ferhalewedstriid. Mar dat doch ik nea wer. Ien kear dien, net wûn, dan is it foar my klear. It wie oars in prachtich ferhaal, mar jim sille it nea witte. 

Dy wedstriid, seach ik op feestboek, soe gean moatte oer Maria Louise van Hessen-Kassel. No, dy namme komt my net ûnbekend foar. 

Op 22-02-1969 waard ik berne. Wat hat dat no mei frou Van Hessen-Kassel te krijen? No, dat hat te krijen mei it plak dêr't ien en oar plakfûn. 

Wy wennen op nûmer 23 oan de Marijkemuoiwei yn Oranjewâld. En frou Van Hessen-Kassel is hjir yn Fryslân foaral bekend ûnder de namme Marijke Muoi. It sil in prima minske west ha, ik kin har allinnich fan namme. En wat wie it foar oare minsken dreech om op te skriuwen. In koarte dialooch. Yn it Hollansk fansels. As it net alte alte is, ferbrekke Friezen harren gauris, is 't net sa? Dit koarte ferhaal spilet him ôf, earne tusken de Marijkemuoiwei 23 en de legere lânbouskoalle yn It Feen, op dat plak stiet no de Trinitas tsjerke, dêr't Hylke Speerstra in skoft lyn syn nije boek presintearre. Earder gie ik dêr dus nei skoalle. Ik bin eins slim benijd hoe't it mei dy kreaze dochter fan de konsjerzje is. Imca hjitte se, leau ik. Hawar. It is mids jannewaris, in jier as 33 lyn. 

Ljochtkontrôle

'Zo jongeman, waarom hebben wij geen licht aan?' freget de plysjeman as er my út de groep wei dirigearre hat. It binnentrochpaadsje by it hôf oan de Binnenweg tusken It Wâld en It Feen. Neare nacht, op in pear lantearntsjes nei. Oan de ein fan it paadsje oan de linkerkant skine de ljochten troch de ruten fan de barakken fan it Nassau College. 
Ik hie it ferdomd witte kinnen. Ien paadsje, gjin flechtwegen, of jo moasten troch de sleat om it begraafplak hinne wolle. Dat soe no kinne, der leit iis, mar it is al te let. Oan de oare kant steane de hege hikken fan it bisteparkje. In fûke, gjin ûntkommen oan. 'Omdat de dynamo op de bân slippet, sjoch mar,' sis ik en til it foartsjil fan de grûn. Mei in gisel wol ik sjen litte dat de dynamo wurk wegeret as de bân wiet is, mar fansels docht er it no yn ien kear.  
'Jaaa,' knikt de plysjeman. Syn Grinzer útspraak makket de dochs al net slagge moarn noch beroerder. Sûnder fierder wat te sizzen kriget er syn boekje út de bûse en slacht it teatraal iepen. Hufter. 
'Naam?'
'De Jong.'
'Voorrnaaammm? Of hebben je ouders dat vergeten bij de aangifte?'
'Hebben?' Myn taalgefoel seit my dat it zijn wêze moat. 
'Voorrrnaaammm, ik vraag het niet weer, ja!' driget de man, dy't myn wurdgrap net wurdearje kin. 
'Ferdinand.' 
'Adres?'
Ik begjin te gnizen. 'Marijkemuoiwei 23, 8453JG yn It Wâld.' 
De diender mei in min sin lûkt de wynbrauwen op. 'Wat zeg je?' 
Ik herhelje myn adres, krekt te hurd foar de Grinzer om it goed te hearren. 'Ik moat oer fiif minuten yn de klasse sitte,' heakje ik der oan ta. De plysjeman krast ferwoest yn syn boekje en skuort der in briefke út. 'Morgen sta ik hier weer en dan werkt alles, begrepen? Laatste kans!' seit er, wylst er it papierke oerlanget. 
'Ik sil myn bêst dwaan, mar fan 'e middei moat ik te reedriden,' sis ik en slingerje de foet oer de stange. 
'Reet wat?' skodhollet de plysje mar syn oandacht is alwer troch in oar slachtoffer lutsen. Mei in perfekte imitaasje fan de hitlergroet springt er op it paadsje en lit in oar bern him hast deaskrikke. 'Halt, maar even, jaaa!!!' 
Ik jou my ôf. As de belle giet sko ik de fyts yn de stalling en draaf nei it lokaal. Earste oere, Nederlânsk. 'Je bent te laat, De Jong,' skelt Paul van Sliedrecht, volleybal bekendheid en myn learaar Nederlânsk. Ik kin poerbêst mei him, oaren net. 
'Sorry, ik ha in bekeuring krigen,' sis ik.
'O? Vertel en je hoeft niet naar de conciërge,' laket Van Sliedrecht. Ik doch myn beklach. 
'Hebben wij daar ook een bewijs van?' wol er witte. Syn pokdobberich gesicht ferriedt dat ik gjin skea oprinne sil, myn ferhaal wie goed genôch. 
'Jawis,' ik krij it giele briefke út de bûse en sil it oerjaan, mar as ik it lês, prûst ik it út. 
'Wat heb jij?' 
'In fonetyske bon...' sis ik.
Hy krijt it briefke oer en as er it lêst slacht er sa hurd op syn buro dat de kofje oer de râne fan syn kopke fljucht. 

Verdinant Jong
Marijkemooiweg 25
8453JB Tjallebert

De oare deis is it droech waar en myn lampen foar en achter baarne as in lier. De plysjeman is wer op lokaasje, mar sa konsintrearre op defekte ljochtsjes dat er my net iens sjocht. 

Oer de bon:
Ik ha it net betelle en ha der ek nea wer wat fan heard. En hat Eelke myn boek al út?

    




Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen