Boeken fan Fryslân, boeken foar neat

Boeken mei leafde, boeken foar neat

It djiptepunt yn de Fryske boekewrâld is no wol sawat berikt. It lêste treurige projekt fan Boeken fan Fryslân, stipe troch de provinsje en in pear busbedriuwen, is wat my oanbelanget reden om dit stik te skriuwen. It is op persoanlike titel, mar sjoen in oantal telefoanpetearen dy't ik hân ha, meie jim der fan útgean dat der mear binne dy't it hjir net mei iens binne.

Ik sil net om de hite brij hinne draaie.

Foarop:

Wat wie ik bliid mei de takenning fan de Rink van der Velde priis foar myn twadde roman, It Dak Fan De Wrâld. Ik krige út hannen fan de wethâlder fan de gemeente Smellingerlân en frou Van der Velde in jildbedrach en in moai byld, dat oant de dei fan hjoed foar ús rút stiet. In stikje erkenning fan wat je as skriuwer dogge. Efter jo kompjûter sitte en optekenje wat liede moat ta in moai ferhaal. Dat je der dan in priis foar krije meie is bonus. It jout wearde oan dêr't je mei dwaande binne. Dy 15 euro foar in priiswinnend boek liket dan in redelik bedrach, sjoen de ferkeapsifers is dat ek sa.  

Voor wat hoort wat:

Ik bin zzp'er. Dat is dus wat oars as wurkje by in baas foar in fêst lean. Wy binne grut wurden op in boerepleats, ik wit as gjin oar dat je hurd wurkje moatte om jild te fertsjinjen. Se ha my altyd ferteld dat foar neat de sinne opgiet. Foar it oare sille jo wat oer ha moatte. Sa leit it der no ien kear hinne.
O ja, ek de leafde kostet neat, oant je de lapen gearsmite alteast...

De realiteit:

Der is merk foar Fryske boeken. Der binne ek minsken dy't dêr jild foar oer ha. Stifting Tsjil hat dat mei twa pilots oantoand.
Der binne minsken dy't harren jild fertsjinje moatte soenen mei it betsjinjen fan dy minsken. Spitich, mar dy vlieger giet net op. De minsken dy't dy minsken betsjinje moatte soenen, dogge dat net. Teminsten, net op in wize dy't kommersjeel besjoen op in nivo plakfynt dat eltsenien him as har dêr yn fine kin. Sy fine kommersje mar in fiis wurd, sa't it liket. De oantallen dogge der net ta yn de hegere kultuer, it giet om it ferhevene.

It ferhevene. Dêr wol myn kachel mar ferdomd min fan brâne, kin ik al dy amtners mei in fêst ynkommen melde. En no kom ik ta de kearn. Dit makket my net populêr, mar se sjitte de boadskipper dochs altyd dea, dus ik ha neat te ferliezen.

Myn priiswinnende boek, dat wat my oanbelanget de moaiste priis wûn hat dy't der is, leit op dit stuit foar nul euro yn in Kwibus. Jo kinne it fergees lêze, mochten jo ferkâlden wêze (in echte Fries is altyd ferkâlden) en jo ha tafallich de bûsdoek ferjitten? Gjin need. Skuor side 25 der mar út en leegje dêr de snotkoker yn. Boppedat kinne jo it ek meinimme, mar letter wol leaf wer werom lizze, hear. Oars rekket de Friese Pers Boekerij sa hurd troch de foarried hinne en de tiden binne al sa min.

Is dit no wat wy as skriuwers fan de beropsfriezen werom krije? Myn negoasje foar nul euro ferkwânselje en yn in bus lizze? Wa hat dêr tastimming foar frege? Wol ik myn boeken, dêr't in soad tiid, wurk en nochris tiid yn sit, brûke litte foar dizze minachting fan de produsinten fan skreaune Fryske kultuer, de skriuwers? Sa fan: It produkt is der dochs wol, wy kinne der mei dwaan wat we wolle?

De minsken dy't dit betocht ha witte net wat it is om nei wiken, moannen en soms jierren einliks foar de earste kear jo eigen boek yn hannen te krijen. Om it te rûken, te fielen, beet te krijen en om der yn te lêzen. Dat hat wearde! En net allinnich emosjonele, mar ek materiële wearde. Ik sit net foar Jan mei de koarte efternamme te bodzjen op in manuskript. Ik moat woekerje mei myn tiid om genôch jild te fertsjinjen en dochs romte te finen om myn kreative proses in plak te jaan.

Fan al dizze faktoaren ha de betinkers fan dizze kânsleaze aksje gjin inkele noasje. Jou it mar fuort, ûnder de flagge fan taalpromoasje. Neffens my jout dat ek daliks de miskleun fan dizze aksje oan, want taalpromoasje wie neffens my de core business fan Tresoar, wylst Boeken fan Fryslân him dwaande hâlde moatte soe mei ferkeapjen fan boeken.

It idee dat dizze aksje dy ferkeap stimulearje sil is in typysk foarbyld fan belied meitsje efter in buro, sûnder ek mar wat te witten oer hoe't it fjild (lês: De lêzers) derhinne leit. Dat is dus wer in klassyk gefal fan typysk beropsfrysk eigen. De teannen binne langer as de kunde oer wat se eins echt witte moatte soenen, nammentlik wêr wenje myn lêzers, wat dogge dy en hoe berik ik dy. Want as se dat dwaan soenen, kaam harren de rook fan hurd wurkjen yn de noas. Wurkje om de kachel brâne te litten. En dy rook is net needsaaklik genôch yn dy fermiddens, want de kachel wurdt troch de mienskip brânende holden.

Mei oare wurden, it makket gjin donder út of je no wol as net boeken ferkeapje, myn jild komt fansels op myn strookje.

Nee, dat hurde wurkjen litte wy graach oer oan in stel frijwilligers, dy't gek genôch binne om harren tiid te stekken yn in âlderwetsk, efterhelle en arbeidsyntinsyf wurkje: It yn grutte oantallen ferkeapjen fan boeken.

Dat is dochs net mear fan dizze tiid...

Ferlieze wy ús as beropsfriezen leaver yn de bus- trein en boatreiskes nei oerweagend Nederlânsk pratende plakken, ûnder it mom fan literatuerbefoardering? Dat wy dan allinnich dwaande binne elkoar foar te lêzen docht der net ta, it ferhevene fan it gehiel ferblomd in soad.

Myn priiswinnende boek leit foar nul euro yn in bus. Wêrom soe in Fryske skriuwer ea noch de muoite dwaan om in nij boek te skriuwen? Se jouwe it mei stipe fan de provinsje fergees wei sûnder jo wat te freegjen. It is treurich.

Ik bin oars net fan de soere stikken, minsken dy't my kenne witte dat ik hiel oars yn it libben stean. Posityf opbouwend mei de Fryske skriuwerij dwaande. Mar de leafde moat wol fan beide kanten komme.

Boeken mei leafde, foar in sêft pryske.  

        







Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen