Hoofdplaatszaken en de rest

In soad aardige reaksjes op myn foarrige bloch oer de iikhoarn. Tank dêrfoar. Sels eks klasgenoates dy't mei my op de legere lânbouskoalle sieten en net Frysktalich binne, ha it lêzen. Mochten jim it noch net sjoen ha, klik op hjir.

It docht dus bliken dat minsken histoarje moai fine. It sil mei emoasjes te krijen ha. Sjoch nei de ferkeap fan Speerstra syn lêste boek en jo witte dat ferhalen oer de doetiid it net sa min dogge. Dat soks net oeral goed falt is de skriuwer net oan te rekkenjen. Dy skriuwt, de minsken wolle it lêze. Gouden formule.

De Indië tiid ha ik net meimakke, it seit my op ien as oare wize ek minder as bygelyks de oarloch yn Vietnam. Dat sil der mei te krijen ha dat dêr folle mear oer skreaun, musisearre en filme is, dus dan krije jo it as jongbaas ek mear mei. Dat wylst Nederlân dêr net folle mei te krijen hie en dat lei yn Indie fansels oars.

In skriuwer skriuwt oer wat him dwaande hâldt, as je teminsten skriuwe omdat je it moai fine en net omdat it moat. Dan sitte der grif ek stikken tusken dêr't je neat mei ha.
Ik skriuw folle leaver mei in topografysk-skiedkundige eftergrûn en net skiedkundich-topografysk. It lânskip as ynspiraasje en dan is wat op sa'n plak ea barde in moai oanknopingspunt foar in ferhaal. Sa is Guozzeflecht ek ûntstien. Fassinearre troch de krite om Norilsk hinne en lêze wat dêr allegearre spile yn de Stalinistyske tiid. En dan der in ferhaal omhinne betinke. Machtich moai wurk.

Ho, dêr moat noch wat by: As je der tiid foar ha. Dan docht de feroaring yn it klimaat my net sa goed. Fêste folgers sille grif witte dat it meanseisoen dit jier fan febrewaris oant begjin december duorje sil, wylst der yn Kanada en de USA foar it twadde jier op rige in tige strange winter ynset.

Ik moat yn dat ramt wol laitsje oer de ophef dy't dêr oer makke wurdt. De Verenigde Staten getroffen door hevig winterweer, raze de koppen. Oer Kanada, dêr't soksoarte waar hast alle jierren foarkomt, hearre je de sjoernalisten net.

De USA is de rânestêd fan Noard Amearika, de rest hinget der wat by. It Ljouwert fan Fryslân, sis mar. Eastlik fan ús: Stad en de ommelanden. As je mar lang genôch roppe en raze dat alles dat dat dêr bart tige de muoite wurdich is, leauwt in grut part fan it folk it op 't lêst ek noch. Mar net alle minsken, hear. Der binne ek genôch dy't harren ferstân wol ha en troch dy show hinne prikke. Dy wenje bygelyks yn Kanada. Of bûten Ljouwert. Of yn de ommelanden. En dy skodholje soms efkes.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen