Jeen

Der hat in tiid west dat ik kondysje hie en aardich reedride koe. Dat is lang lyn. As je de maratonmannen fan no fleanen sjogge is 1985 in ein werom. Want dy tiid ha ik it oer.

Wy wennen yn Oranjewâld, mar pake Jan wenne oan de igge fan it Haskerwide. (Het Nannewijd voor de importfriezen) Hie it nachts in dei as wat knap ferzen, namen wy efkes kontakt op mei pake om te hearren oft der al guon op it Wide wienen. En dan skeaten wy dy kant ek út. Oer de Vogelzang, as it noch net oan it Feen trochbryfke wie dat se 'schaatsen konden op het Nannewijd bij Oudehaske', riden je hast oan it iis ta.

Der wie altyd in ploech fêste riders. Dy koenen hurd. Maratonfolk, ik koe se fan de krante en sa no en dan TV bylden. My is it measte bybleaun dat je harren hast net hearre koenen. Se streken technysk sa goed, dat it hast gjin lûd joech. Dêr ha ik in soad op oefene, mar dochs kraste it by my altyd. No noch. Wy riden in pear rûntsjes en waarden kear op kear ynhelle troch dy flugge mannen. Hindrik Kramer, Sven Kramer syn pake, wie der ek altyd by. Dat wie in buorman fan ús en hy groete altyd as er ús preamkeskowers wer ynhelle. Aardige en bêste man.

Yn de jierren dêrnei wie ik noch sa wyld dat ik tocht dat ik ek wol sa hurd koe. En oefene der op. Ik sil in jier as 19 west ha, ik hie in swarte Mitsubishi Colt, en koe doe aardich reedride. Sa dryst yn de kop dat ik by sa'n sliert oansleat en my trijkwart rûntsje in maratonrider waande. Ik wit dat Bennie van der Weide en in soad cracks út dy tiid ek yn dy sliert rieden.

En in net al te grutte man, dy't sa prachtich stil streke dat je him net fernamen.
Ik hime as in hynder. Alles kraste en pipe en der seach ek alris ien om, sa fan: 'Watfoar prutser wol himsels sa graach bewize dat er hjir omwrot?'

Dat wie ik.

Ik ha my nei ien rûntsje útgliere litten. Doe't ik, noch efter de pûst, oerein kaam, hienen de mannen al wer in rûntsje dien. Ien fan harrren rôp: 'No de put der al út? Dat is wol wat foar in jongfeint as dy!' en zoeffff, fuort wie er wer.

Dat wie Jeen van den Berg.

Ik ha nea de yllúzje wer hân dat ik in goede reedrider wurde koe. Kânsleas.   

  

Reacties

  1. Dream fan in rider

    Sjoch my gean!
    Lange slaggen
    Ik smyt it yn streken
    Slach de skonken út
    En flean!

    Pûstend, blazend, stiif yn ‘e wyn
    hingjend, skeuvelje ik myn libbensamme efternei.
    Of is it de dream fan in Fries,
    in oprjochten mei sloppe ankels,
    dy’t yn dampe wolkjes
    my ûnberikber foar bliuwt?

    Net te kearen!
    Rake klappen
    De hannen op ‘e rêch
    Nonsjalant, in earsten rider.
    Sabeare…

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen