SKS lûkt 125.000 minsken? Ja, louloene!

125.000 taskôgers by de SKS, sei hjoed immen op de radio. Starum, Grou en Snits kamen de measten op ôf. No miende ik dat se yn Starum 8000 man telden, dat stie yn de Ljouwerter krante fan moandei. Ik wol rom rekkenje, sis 10.000. Litte we der ris fanút gean: yn Snits en Grou ek, dan komme je op 30.000. As dy der al wienen. Dan soenen der 95.000 by de oare acht wedstriden west ha moatte.

Dat is 11.875 per wedstriid.

Bin ik no gek? Dan soenen by alle oare wedstriden dus mear minsken west ha as by de wedstriden dy't de measte minsken lutsen. No kin der in soad yn komkommer Fryslân, mar dit liket my in brêge te fier.

De SKS op 'e Veenhoop wie rûntsjes farren, dêr wienen hast gjin minsken. De SKS lûkt 125.000 man? Ik tink dat se dat graach wolle soenen. Mar de minsken dy't der alle jierren komme, sjogge dat de oantallen boatsjes om it wedstriidwetter hinne al mar lytser wurde. Dus hoe't se by de SKS dan mei 125.000 minsken op de proppen komme is my folslein in riedsel.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen