Reedriden yn 2018

It skynt de minsken yn Nederlân mar net yn it ferstân te wollen. Heal oranje hoste wer mei yn de winterpolonêze om ús reedriders. Ireen en Sven en alle oaren hellen wer karrenfol goud, sulver en brûns op. Der moast in ekstra fleantúch út Sotsji wei komme om alle blikjes hjirhinne te tôgjen.

'Wy binne de bêste, wy winne histoarysk folle, wa makket ús noch wat? Nederlân mei syn superteams is wrâldlieder yn it reedriden.'

Tsja. Binne wy ris earne de bêste yn, ha we net troch dat we drok dwaande binne ús eigen grêf te dollen. Wy ha rjochtsaken en koartpleiten oer de bou fan iistimpels, wy ha aanst op de postsegel Fryslân twa 400 meter banen. Treflik, goed foar it riden. Mar wat is der oan de hân? Sjoch, dat we yn Nederlân al oer elkoar hinne donderje as it om de riderij giet is wat, mar net it wichtichste. Tinke jim no werklik dat de rest fan de wrâld him dêr ek mar in tel drok oer makket? Dat in sigerige baan yn Grins troch de KNSB oanwiist wurdt as opliedingsplak oar it noarden, dat it reedridersbûn oeral yn Nederlân in iisbaan bouwe wolle, sels op in berch oan de kust, mar never nea net wer yn dat aaklige Fryslân? Tinke jim dat se it dêr op de Noarske TV oer ha? Of yn Ruslân? Of Korea? Welnee. De Noaren ha it oer it ôfskie fan Ole Einar Bjorndalen, de Russen dogge wat yn de Krim en yn Korea ha se spul mei de buorlju.

Dus lûke wy ús werom yn ús eige fertroude wrâldsje fan de riderij. Miskien is der hjoed of juster wol in poppe op de wrâld kaam dy't de nije Ireen of Sven wurde sil. Dichters en ferhaleskriuwers kinne mei soksoarte gedachten noch jierren út de fuotten. 'It wie yn 2014...'

Okee. En wat is der oan de hân?

De wrâld fynt neat oan reedriden. Wy fine it aardich, mar it seit de rest hielendal neat. En se fine it ek net aardich dat wy in ekstra fleantúch fol blik fleane litte moatte. Wekker wurde, minsken. De sport ferwurdet ta in C-sport.

Jo sjogge it oan Amerikaansk Football. Dêr binne se yn Amerika sa goed yn dat it allinnich grut is yn de USA. Der sit gjin útdaging yn om dy kliuw ticht te meitsjen, it kostet tefolle, der is gjin tiid en belangstelling foar. It iennichste ferskil is dat der safolle Amerikanen binne en mar in bytsje Nederlanners. Dy finansjele omset kin dêr nea tsjinoan, dus bliuwt it Amerikaansk Football bestean sa as it no bestiet en is it riden yn dizze foarm op stjerren nei dea. Yn topsportfoarm, bedoel ik, want it riden sit sa djip yn ús dat we dat noch wol in skoft dwaan bliuwe sille.

Gejeuzel?

No, hjoed stiet yn de Telegraaf dat de foarsitter fan de ISU, Ottavio Cinquanta, yn in brief witte litten hat dat er: En skrik net.

'De voorzitter van de Internationale schaatsunie ISU, Ottavio Cinquanta, wil rigoureus ingrijpen in het programma van het langebaan schaatsen.


Ottavio Cinquanta Foto: Francois Wieringa
Bij de Olympische Winterspelen van 2018 zouden de 1000 meter en de 5 kilometer bij de vrouwen en de 10 kilometer bij de mannen van het programma moeten verdwijnen. Ook de WK allround, WK sprint en EK allround moeten uit het programma worden geschrapt.
Cinquanta schrijft dit in een interne brief aan de topbestuurders van de ISU, die de Volkskrant heeft ingezien. De preses maakt zich na de grote successen van de Nederlandse schaatsploeg bij de Spelen in Sotsji grote zorgen over de toekomst van de sport.

WK afstanden

Volgens de Italiaan zijn de veranderingen nodig om geld te besparen en interesse van sponsors en publiek te behouden. De WK afstanden moeten het belangrijkste toernooi worden. Door op dit evenement wél een 1000 meter te houden, kan een wereldkampioen sprint (een klassement op basis van de 500 meter en 1000 meter) worden aangewezen.
Het WK sprint hoeft dan niet verreden te worden. Het EK allround zou in de optiek van Cinquanta plaats moeten maken voor een EK afstanden, waar mogelijk ook niet-Europeanen aan mogen deelnemen.

'Baan van 250 meter'

Voor de lange termijn wil hij het langebaanschaatsen en shorttrack samenvoegen. Hij denkt dat de disciplines dan meer toekomst hebben.
"Als de meerderheid voor een baan van 250 meter is... dan is het niet moeilijk om te voorzien dat alle schaatsers (langebaan en shorttrack) stap voor stap alleen op de baan van 250 meter willen strijden. Dit zou resulteren in het eind van de shorttrack, ook op de Winterspelen, en het pakket van competities en relevante titels zou vanaf nul worden opgezet.” (telegraaf)

It eigen sukses as eigen dold grêf. Wat dat oanbelanget is de KNSB mei de hear Koops as foaroanman aardich op wei troch de oplieding nei in desolate baan as dy fan Grins te ferpleatsen.

Sjoch nei de plannen om op in baan fan 250 meter alles plakfine te litten en jo witte dat it dien is mei de 400 meter kultuer. De fraach oft je dus twa fan sokke banen optúge moatte wurdt dan relevant.




  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen