Hurde handoeken


It is elts jier in hurd gelach, mar ik leau dat we it dit jier sûnder winter dwaan moatte. Dat hie Piet wer treflik foarsein, de winterfoarsizzing 2013/2014 stiet hjir. Lees en huiver. Ik ha der fierder gjin krityk op, mar doch it dan gewoan net, as je it gewoan net foarsizze kinne. Ik kin yn oktober ek wol belige dat de International 585XL yn myn dreamen rôp dat ik de snieskower der foar dwaan moast, want der koe wolris in bulte snie komme. 
In jier lyn hienen we in stienkâlde maitiid, dit jier is it myld. Komt gewoan omdat de wyn ferline jier heech wie, no net. En hoe't dat oer twa moannen wêze sil? Lês de winterfoarsizzing en jim ha wol troch dat sels de geleardste kompjûters lokkich net baas oer it waar binne. Dat regelet himsels foar it grutste part noch. 
Maitiid. In foar de measte minsken prachtige tiid. Foar immen dy't fan winter hâldt efkes trochbite, aanst de simmer noch en hooplik in koarte hjerst. Mar dat begripe jim dochs net. 
Hat it dan hielendal gjin foardielen dat it maitiid is? Jawis wol. De wask kin wer bûtendoar en dat betsjut dat de handoeken wer lekker hurd opdroegje. Dat je se as in lichte foarm fan skjirpapier oer de rêch rosse kinne. Net fan dy weake droeger doeken, mar hurde, troch de wyn droege doeken. Daar mogen wij wel over.

Reacties

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen