Guilty pleasure: Status Quo


Omdat de krante it blykber net wichtich genôch fûn, kinne jo op Stikelstekker it ferslach lêze fan grif ien fan de lêste kearen dat ien fan de grutste rock 'n roll bands yn ús lân wie. Status Quo joech juster in daverjend konsert yn Swol. Wy wienen der by. 

It is al fan dat ik hiel lyts wie dat ik by de klup hearde. Ja, mei swarte viltstift stie de bandnamme op myn bargelearen skoaltas. Noch grutter skreaun as Dire Straits. 
Bepaalde lokale selsbeneamde keatsleafhawwende 'muzykkenners' miene it oeuvre fan de Britske band Status Quo steefêst altyd mei 'rjocht op en del geande stampers' lyts meitsje te kinnen. It seit mear oer harren as oer de tiidleaze rock 'n roll dy't sûnt de mids jierren 60 troch de hearen Rossi, Lancaster, Coghlan en Parfitt makke is. It orzjineel is hast net te coverjen, simpelwei omdat de sound unyk is. De band hat fansels wizigingen yn gearstalling trochmakke, mar snein 23-3-2014 wiene de Frantic Four yn Swol te sjen. De mannen binne al aardich op leeftyd, sa om de 65 hinne, dus al te woest oer it toaniel drave sit der net mear yn. Sterker, Alan Lancaster liket op in kreupele hoanne mei in grize kaam, mar dat nimt net wei dat er loeistrak stie te bassen. 

Ik tink dat der in tûzen of 5 yn de IJsselhal wienen. Dy krigen in foarprogramma dêr't je mar ien ding fan sizze kinne: De lju fan de P.A. hienen in skop ûnder it gat ha moatten. It wie sa hurd, dat je net ferstean koenen yn hokker taal de sjonger stie te balten. Wy binne der út rûn, omdat myn omkesizzer syn earen begûnen te piipjen. Dat moat fansels net, dus brochten in pear proppen skytpapier útkomst. Wurket perfekt. 

Om acht oere begûn de razerij, 35 minuten letter skuorden de roadies de brot fan it poadium en koe de echte show begjinne. Minsken dy't it witte kinne soenen, hienen my foar it lûd yn Swol warskôge, mar helaas foar harren wie it geweldich goed. Wy koenen gewoan prate wylst de mannen it foaral mei âlde nûmers dienen. Dus gjin 'In the army now' en datsoarte guod, mar gewoan hearlik 'In my chair' en mear fan soks. Alles in bytsje yn it tema fan it legendaryske optreden yn Glasgow, dêr't harren meast ferneamde live dûbel elpee opnaam is. Alan Lancaster begûn mei in pear nûmers as sjonger, Francis Rossi wie folle minder neidruklik oanwêzich as oars en dat wie moai, de band like no wer yn lykwicht. 

Mei in pear nûmers fan it 'Blue for You' album koe de jûn net stikken. 'Is there a better way' en fansels 'Rain'. 'Forty-Five Hundred Times' fan it 'Hello' album en 'Little lady and Most of the Times' mei as ôfsluter 'Bye Bye Johnny' fan de 'On the level' elpee wie it foar de echt Quo puristen genietsjen. 

Hjirûnder de Doors cover Roadhouse Blues, de hearen hienen betocht om dit nûmer mar oan de oare kant fan it poadium stean te gean, hawar, dat docht der net ta. 

Status Quo. Live. Better as yn 1991 yn Ljouwert. 


     

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen