Waarsiik

Ik wol graach myn ergernis útsprekke oer in fenomeen dat him de lêste jierren foardocht. Nee, gjin swarte piet gedoch. Ek neat oer kiezersbedroch of lekkerij, sels net oer dwaze plannen oer in tocht op keunstiis. Is my de muoite net wurdich. Ik ha wol wat oars om my drok oer te meitsjen.

It sit sa, ik soe eins nei it arkje ta. Sterker, dêr hie ik al wêze sillen. Troch in nuveraardich barren yn Bitgum, Bitgummole en Ingelum is ien en oar wat ferskood. Mar dat kaam net sa beroerd út, want dan wie ik yn elts gefal klear mei it hjerstwurk. Miende ik.

It is hjoed 16-11-2013 en ik wit net, mar as ik sa nei de beammen sjoch, liket it wol septimber. Dy sneue âldman op syn skimmel mei syn optarre slaven ride troch de fallende blêden hinne. Dat is dochs in drama.

Aanst komt it noch safier dat wy op nijjiersdei noch fluch efkes it paad blêdfrij meitsje moatte. En ik ha dizze wike noch oan it meanen west, hjir en dêr rint noch in beslach fee yn it lân. Gers by de rûs.

6 oktober wie de ronde fan Lombardije. De koers van de vallende bladeren. In efterhelle namme. Se kinne dy wedstriid better mids novimber ferride, yn oktober falt der noch gjin blêd fan in beam.

Ik fyn it mar neat. Yn desimber blêden klauwe, swarte pieten dy't net mear swart binne.

Kinne wy asjeblyft allegearre wer gewoan dwaan?

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen