Top safolle?

Tsja. In opropke op Facebook kin samar ta in soad reaksjes liede. Sa wie der in skoftsje lyn ris in post oer in sutelaksje, de rest soe skiednis wêze kinne.
Juster wer sa'n opstiging. It wie in oere as njoggen jûns of sa. Ik siet wat te pingeljen op de gitaar, dat doch ik wol faker, it tredde akkoard sit der no hast yn nei fjouwer jier oefenjen. As ik 85 bin, soe it wolris wat wurde kinne...

Goed, ik ferfeelde my en dan wurde je klierich. Wat is Facebook  dan ín útkomst. It prachtige nûmer Niemand In De Stad fan De Dijk sette my oan it tinken oer Nederlânsktalige popnûmers. En dan leafst net de meideiners, elts syn ding, mar dat is neat foar my.

Dus, de folgjende tekst op Feestboek setten: Noch efkes in koarte fraach: wat fine jim de moaiste Nederlânsktalige popsong?

Wy binne hast in dei fierder en der binne sa'n 85 reaksjes binnen. Machtich moaie nûmers sitte der tusken! De fraach kaam wat ik der no mei dwaan soe. Dat wit ik eins net. Mar ik sil alle nûmers mar ris op in rige sette en hjir publisearje. Der sitte tige nijsgjirrige wurkjes tusken, guon wêrfan't je sizze: 'Och heden jaaaa, al hast ferjitten...' 



Ien wol ik no al hearre litte. It foel ús op dat der net in soad froulju tusken de reaksjes sieten, mar dit al. Ellen ten Damme. 


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen