Siik fan de Libor

Op it plaatsje hjirûnder sjogge jim hokker finansjele konsekwinsjes der tsjinoer de neamde oertredings steane. Yn Dútslân is alles better, mar der binne ek mear Dútsers dy't belesting betelje kinne om dyselden dy't ditsoarte saken betinke, te beteljen. Hoe dan ek, it oersjoach is helder. Ik ha it fan Martsje de Jong har facebook ôf kopiearre.

Dizze bekeurings falt yn 'e regel net oer te diskusearjen. Se steane fêst. Earlik sein meitsje ik my oan njoggen fan de tsien oertredings wolris skuldich. Dat doar ik bêst ta te jaan. Jim sille der raar guod oer spuie en stikem itselde tinke en dwaan as wat ik skriuw. Want as je wat hastich binne wurdt alles floeiber. Neat minsliks is my frjemd. As ik dêr in bekeuring foar krij flok ik miskien al in kear, omdat ik it der net mei iens bin, mar wit eins wol dat ik de bekeuring betelje moat. Sa wurket it no ien kear.

No, nee dus.

Ik ha it ferkearde berop. Better hie ik my dwaande hâlde kinnen mei de Libor rinte. Gjin flau idee wat it is, mar jo skine der aardich mei buorkje te kinnen. Ek ha jo deis dan in kreas pak oan en ride fergees, omdat minsken dy't harren soer fertsjinne jild by Omke Rabo yn brûklien jouwe net troch ha dat jo de saak oan it flessen binne.

Dit giet oer de Rabobank, mar ik stek ek echt myn hannen net yn it fjoer foar alle oare banken. Ien grutte korrupte bende, sjoen in stik yn de LC oer Wall Street.

Lis my no ris út, hear Dijselbloem, EU kommissaris huppeldepup, Ried fan tafersjoch fan de Rabobank, minister fan justysje en rjochters yn Nederlân en de rest fan de wrâld:

Hoe kin it dat as ik tafallich snapt wurdt mei myn Samsung yn de hân omdat in boade my bellet om te fertellen dat immen ús ûntfallen is en ik dêr de begraffenis foar regelje moat, ik dêr in bekeuring foar krij en lju yn strakke pakken ûntspringe de dûns wylst se foar miljoenen yn de bûse stekke en de saak besoademiterje?

Fine jimme it dan frjemd dat minder as de helte fan de minsken de muoite nimt om nei in stimhokje te skarreljen?

Lis dat no ris út, wy as dom folk snappe soks net.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen