KH2018 en de Stellingwerven

Juster wie yn de biblioteek fan Easterwâlde de feestlike útrikking fan de Stellingwarver Schrieveri'jpries 2013. Ik wie frege om yn de sjuery plak te nimmen, mei Abel Darwinkel en Peter Riksma. Dy lêste wie foarsitter en lies in moai rapport foar oer it winnende ferhaal fan Sjoukje Oosterloo-Tiesinga. Carolien Hunneman wie spesjaal út Finlân oerkaam, dêr't se wennet, om muzikaal de jûn oan te klaaien, in taak dêr't se mei har moaie harksankjes tige yn slagge.
Jelke Nijboer, foarsitter fan de H.J. Bergveldpries prate de jûn oanelkoar en dat is by him wol yn goede hannen. Al mei al in moai stikje reklame foar de Stellingwerver taal.

Wethâlder Sierd de Boer mocht de priis útrikke, en fansels, sa as dat by in wethâlder heart, hie er dêr in taspraak by skreaun. Ik mei wol sizze dat dêr in boadskip yn siet.

De Boer fage om koart te kriemen de flier oan mei it bidboek fan KH2018, omdat dêr mei gjin wurd oer de taal en kulturele rykdom fan de Stellingwerven rept wurdt. 'Daar is het laatste woord nog niet over gesproken,' heakke er der oan ta. Hy krige de hannen op elkoar.

No is it yndie in ein fuort út Ljouwert wei, dy Stellingwerven. Dat se dêr noch in goed rinnende sutelaksje ha, in iepen stâl yn Berkeap, in opera earne by Spangea organisearje en dat der in eigen taal bestiet is yn de alteraasjes fan it ta stân kommen fan it bidbook2018 gemakshalve efkes ferjitten? Binne dy Stellingwerven net ûnderdiel fan it hillige biedwurd Mienskip? Hoesa Criss-crossing communities? Der leit in Europeesk stimpel op dat bidbook. As je út Ljouwert rjochting Europeeske haadstêd Brussel ride, komme jo earst de Stellingwerven tsjin. Fier foar alle mondaine útbuorren. Ik bin wol benijd oft yn de definitive plannen foar KH2018 ek plak ynromme wurde sil foar it Nedersaksyske part fan de provinsje, of dat de haadstêd dy moaie streek der as it sukkeltsje byhingje litte sil. Der is noch tiid, dus it soe noch kinne...  

Tank oan de organisaasje en in lokwinsk oan de winner. Duvelskeunsten hjit it ferhaal.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen