It M. wurd

It ferskil tusken in slagge aksje bûtendoar yn novimber en in tige slagge aksje bûtendoar yn novimber lit him riede. It waar. Ik hie jûns tusken fiif en seis oere de rutewiskers op standje hûnehokken doe't ik de boeken wer nei Ljouwert brocht en ik hie der net oan tinke moatten dat we dat waar de hiele dei hân hienen.

Hulde oan alle frijwilligers, guon dy't oan de ein ta bleaun binne om te helpen, de minsken fan Ons Huis, de sponsors fan kroaden, snert, kratten en wit ik wat mear. Wy woenen boeken sjen litte oan de minsken en dat is tige slagge.

De reaksjes kamen yn boskjes binnen. Fannemoarn giet dat yn rap tempo troch. Oant no ta gjin wanklanken, alhoewol der grif saken oars kind en moatten hienen. Alles sil neibesprutsen wurde troch Rommert, Hilda, Martsje, Jacob, Daam, Willem en my.

Foar no: in pear oerkes sutelje en dan melde kinne dat der foar 4500 euro skreaun Frysk oan de man/frou/bern brocht is liket my moai nijs om de snein mei yn te gean en in bytsje nei te genietsjen fan wat in moaie dei wie.

En ik ha it M. wurd noch net iens brûkt. Dat hienen wy net nedich, as it goed is komt soks fansels boppe driuwen.  

 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen