Ferkearshufters

De oerheid docht flink syn bêst om Nederlân te feroarjen yn in lân dêr't allinnich noch mar berjochten út de risikoleaze mienskip ferskine.

Juster ha wy in slach troch de bosk west. Dêr stiet neffens de trouwe gezagsdragers hast de deastraf op. Der soe wolris in takke falle kinne. No, it foel my op dat de measte beammen noch oerein stienen. En in takke kin altyd falle.
Hjoed wie yn it nijs dat de ferkearsboetes omheech moatte om de ferkearshufters oan te pakken. Ik ha it wolris earder sein, meie de boetes dan ek omheech foar lju dy't oeral 15 kilometer te stadich ride en de oare ferkearsdielnimmers dêrmei it bloed ûnder de neilen weihelje? En mei de boete dan ek omheech foar de lju dy't net mear witte dat der in spegel yn harren auto sit? Dy't allinnich mar mei it swit yn de hannen stiif foar harren út sjogge? Dy lju moatte jo dan ek oanpakke, want dy binne ek in gefaar op de dyk. Grutte kâns dat krekt dat folk dizze regels betinkt om harren eigen ûnfermogen om fatsoenlik in auto te bestjoeren te ferbloemen.
Go with the flow, dat sei de man dy't my it riden learde. Jo moatte jo oanpasse oan it ferkear. Mar yn Nederlân is it sa tryst steld mei de feardigheden fan de autoriders dat elts him oan dizze hakkekrukken oanpasse moat. En sjitte jo dan ris heal troch de berm omdat jo wól earne op tiid wêze moatte? Dan binne jo de hufter. Krekt as mei de Sinteklaas diskusje is it in lyts ploegje dat it foar de grutte mearderheid bedjêrt.

Reacties

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen