Tichte skoalle

Moandei 19-08-2013. Samar in moandei, mei earst moai waar en as ik dit skriuw in pear slaggen tonger en in protte wetter. Nei de middei sil it wer better wurde.

Niis ha ik efkes De Feanhoop omriden. Ik mei stomme graach efkes by it wetter sitte, op dy picknickbank oan it Grytmansrak. Foaral op moandei, mei min waar. Der kaam in aaklich gefoel oer my doe't ik it doarpke yn ried.

Hjoed binne de legere skoallen wer begûn. Junior sit foar it lêst jier op OBS De Finneblom, oar jier sil dat haadstik sletten wurde, as alles goed giet. Op De Feanhoop binne ek bern dy't yn groep acht sitte, mar dy moatte no nei Nij Beets, Aldeboarn of Boarnburgum.
Neat gjin boartsjende bern mear op de earste skoaldei nei de fakânsje, gjin lûden fan bern yn it skoft, gjin seare knibbel, iepen earmtakke of bult op 'e kop. Gjin knikkerjen, toudûnsjen en pakkertsje mear.

Hikken om it plein, deadske stilte en gjin ljochten oan yn de lokalen. De hage net koart knipt, ûnkrûd tusken de tegels. 

Ik bin wer nei hûs riden, sûnder besite oan de picknickbank. Waardeloas, in skoalle sûnder bern.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen