Territoarium migerij

It binne de meast wrede wiken fan it jier. De fakânsje is wer dien en elts dy't mient earne in miening oer hawwe te moatten is wer sa skerp as in mes en hat de bek yn beide hannen.
Op alles en eltsenien ha se krityk, neat is mear goed. De adrenaline brûst hurder as it Fryske bloed yn it folksliet. De tún fan buorman is net kreas, de gemeente moat no ferdomd einliks ris wat oan dy skeve tegel dwaan, Doekle Terpstra moat opstappe en foar de echte die hards jildt dat ek foar Robert Veenstra, se ha sa lang mei de sleurhutte op 'n paad west dat se dat efkes mist ha. Mar skerp binne se!

Ik besla it no wat mei de gek, mar it is wier. It falt my de lêste jierren echt op. Krekt of moat it plakje op de aperots wer opnij befjochte wurde, it stikje frije romte opnij markearre. Bisten dogge dat troch hjir en dêr del te pisjen, mar dat stjonkt sa op dy kantoaren, dus dogge minsken it ferbaal en non ferbaal.

Soks duorret in pear wiken, is myn ûnderfining. Dan begjinne de blêden fan de beammen te fallen en saksearret de boel wer. Nei it krystreses ha je wer in pyk, dêrnei is elts allinnich mar mei de kommende fakânsje dwaande en byldzje harren yn hoe wurch se binne fan al dat bodzjen.

Ja, Nederlân sit echt djip yn de krisis.

Reacties

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen