Strik

Hy hong dêr sûnder reden, sa't it like. Myn each foel der op en daliks wist ik dat dit in nuver byld wie. Samar hong er dêr.
Wa hie him dêr del hongen? Wêrom krekt dêr? Wie it dyselde te waarm wurden? Mar wêrom dan net gewoan mei nei hûs nimme? Hie de drager him te koart dien en wie dit it taastbere oantinken dat mei in foarm fan morbide humor op dit plak tentoansteld waard? Wie it in âld model dat net mear brûkt wurde soe en dus mar... Nee, dan hie er wol yn it museum of yn it rûne argyf bedarre.
Fragen, mar gjin antwurden.

Doe krige ik in helder momint. Soms ha je dat.

It logo! Dat moast my nei de oplossing bringe. Der stie in logo op. De eigner koe it grif net opbringe om ôfskie te nimmen fan yts dêr't it ferneamde skaaimerk op stie. En dus wie er yn twivel rekke. Fuortsmite wie not done, mei nei hûs nimme hie gjin doel, omdat er oars earne tusken de kaanferbollen bedarje soe en wa hat dêr wat oan. Dus wie it in soarte fan interim oplossing? Sa dat der rêstich nei in goede oplossing wurke en tocht wurde koe? It soe kinne, mar wis binne je nea yn it libben.

Ha jim wolris in strik oan in sintrale ferwaarmingsbuis hingjen sjoen?

 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen