SMALlingerland en FERwerderadiel, Trinus Riemersma hie gelyk

It foute logo fan de gemeente Smellingerlân
Heech tiid foar in serieus en literêr bloch, tocht ik sa. Eins in taalkundich stikje, dêr sille guon by Tresoar bliid mei wêze, want ik krige driichpost op Feestboek dat it wer as in tange op in baarch sloech wat ik publisearre. Hawar, wij laten ons niet verhoedoeken.

Wy sitte midden-yn de gekte fan de gemeentlike weryndielings. Ho, no net daliks ophâlde mei lêzen, dat is saai, mar efkes trochbite.

Den gemeente alhier hat de prachtige namme Smallingerland. De klamtoan op Smal, net op land, dat dogge dy Hollanners altyd. SMALlingerland. Sis mar net Drachten. SMELlingerlân.

Ik ha it der wolris mei Eelke Lok oer hân. Hy wol altyd mar dat we Drachten sizze, mar yn alle registers stiet noch altyd Smallingerland. It soe skande wêze om sa'n moaie namme net mear te brûken. Ekonomyske oerwagings? Yn it tiid dat ynternet alle ôfstannen fuort helle hat is dat gjin reden mear.
Bertje Middel hat tegearre mei wat korrupte amtners de saak al sa bedondere dat no oeral DRACHTEN-Smallingerland op stiet. Kofjemokken en wykbehearauto's meirekkene. In grof skandaal fansels. Ik soe daliks myn stim oan de partij jaan dy't dat werom draaie wol nei de kommende ferkiezings. Dus.

En dan noch dit.

Trinus Riemersma hie in stokhynderke dêr't ik it hielendal mei iens bin. Freegje my net wannear, mar hy wie in kear op 'e tekst oer it folgjende: sa komme wy op in gemeentenamme dy't miskien wol ferdwine sil.
Tsjin it Waad oan leit Ferwert. In moai doarpke, dêr't de gemeente syn namme oan ûntliend hat. Ferwerderadiel.

Ferwert, mei de klamtoan op FER. FERwert.

Ferwerderadiel, mei de klamtoan op... Krekt. Jan en alleman seit altyd FerWERderadiel. Guon meitsje der hielendal in rotsoai fan troch FerwerderaDIEL te sizzen. Fout!!!

Ferwerderadiel moat mei de klamtoan op FER. FERwerderadiel. Trinus Riemersma hie gelyk.  

Reacties

  1. Us âldste soan Sander is op 19 novimber 1973 yn 't sikenhûs "Nij Smellinge" (Drachten) berne. Op al syn offisjele papieren stiet dat hy berne is yn Smallingerland.
    Wy hawwe 7 jier yn FERwerderadiel wenne, yn Hegebeintum, deun neist it moaste tsjerkje fan de hiele wrâld.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. FERwerderadiel dêr brek in my yn it midden fan it wurd de bek hast oer...

    BeantwoordenVerwijderen
  3. a: ik sis it neffens my altyd oarsom, Drachten, sis mar Smellingerlân
    b: is it n et FerWERteradiel. Mei in t?

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen