Overshoot day

De Deistige Standert ,
De minst lêzen kwaliteitskrante fan Fryslân dy’t noch in ferhaal bringt 

Woansdei 21augustus 2013

Overshoot Day is lariekoeke

Earpels safier't je sjen kinne
Sa as jim miskien lêzen ha is it hjoed Overshoot Day. De dei dat neffens it Global Footprint Network de grûnstoffen dy’t de wrâldbefolking yn ien jier nedich ha, opbrûkt binne. Fansels gie de komplete redaksje fan de Standert op ’n paad om yn it fersoargingsgebiet fan de krante te hifkjen wat de mienings oer dizze dei binne.
Sa bedarre jo ferslachjouwer nei in woeste rit op in op it earste gesicht goed ferkavele boupleats yn it úterste noarden fan it lân. Op de oanhâlde storein nei soe it in moaie dei wêze kinne.     
Earpelboer Keimpe Ploegskjirre, tredde generaasje op it âlde stee, tikket de jiske fan syn sigaar. ‘Overshoot day? Wat is dat no wer foar nijerwetsk optinksel?’ Hy stapt troch de doar nei bûten en wiist nei de landerijen dy’t rûnom de pleats lizze. ‘Dêr de Borgers, dat binne Irene’s en efter de pleats 15 bunder Reade Star. Ik ha der noch net ien út, hoe kin dat stedske folk dan sizze dat alles al op is?’  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen