KPN of Vodafone en 4G



Oer in pear moannen rint myn kontrakt fan de mobile telefoan ôf. Wat moatte je no dwaan? Deselde bondel of efkes by oare providers sjen?

4G. De measten fan jim sille der wolris wat oer heard ha. Rap mobyl ynternet. Folle rapper as 3G, dat ha we hjir no (as it treft). 4G wurket yn in grut part fan Nederlân, seit de reklame fan KPN. KPN, dat oerdegelike bedriuw dat no troch in Mexicaanske miljardair oernaam wurde sil. Hmm... Benijd wat de Calvinistyske Hollanners dêr fan fine, de top fan it bedriuw raast no al dat der neat feroarje sil.

De sukkels.

Better hienen se sizze kinnen dat 4G oer in jier ek yn Hongerige Wolf en Hantumerútbuorren wurket, dat hie nije en ekstra klanten opsmiten. Vodafone reagearre op twitter op myn fraach wannear't se dy 4G  yn Drachten en omkriten op oarder ha mei: 
Goeie vraag. Dat is op dit moment nog niet bekend . ^PH

Je ha der neat oan, mar it is wol earlik. Vodafone of KPN? Ik wie altyd by de KPN, oant se in jier as wat lyn sa burokratysk wienen dat ik nei Vodafone oerstapt bin. Ik wie in wike te betiid mei myn besite oan de winkel om te freegjen wat de mooglikheden foar in nij kontrakt wienen, sei de ferkeaper. Ik sei: 'Dan gean ik nei de winkel hjir tsjinoer, do moatst it sels witte. ik wol graach by KPN bliuwe, mar ik bin hjir no en ik wol der net noch in reis foar meitsje.' Hy gnyske wat, mar koe of woe neat foar my betsjutte. Vodafone hat alles regele, sûnt dy tiid bin ik dêr klant. Yn de tiid hat KPN my al twa kear belle om te freegjen oft ik wer werom komme woe, ik stean oeral foar iepen.

In nije telefoan, in nij kontrakt. Hjoed stie yn de krante dat Apple in probleem hat no't Steve Jobs net mear libbet, de man wie briljant. In Samsung S4 leit foar de hân, mar Vodafone en KPN moatte it mar sizze. Sil ik foar de grap in linkje nei Stikelstekker op twitter sette mei @vodafoneNL en @KNP der by? Sjen hoe goed de marketing wurket?

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen