Je ha fan dy dagen...



Bêste minsken, it doel wie om hjoed in bloch oer in skjin ruft te skriuwen, mar de moed ûntbrekt my efkes.

Juster wie der (foar de bühne) alle begryp foar it krekt wat koarter meitsjen fan de Drachtster feart, mar dochs woe de polityk mar fêsthâlde oan de plannen sa't se der leinen. Ek dêr hie ik wol wat oer skriuwe wollen, mar de moed ûntbrekt my efkes.

Nije wike is Boarnburgum allinnich mar mei in helikopter te berikken, omdat we ynkoarten de olympyske spullen skânsspringen mei BMW's organisearje wolle. Ek dêr hie ik wat oer op papier sette wollen, mar de moed ûntbrekt my efkes.

Ek hie ik it oer in woartel ha wollen, dy't ik op in rûnreis tsjin kaam, mar de moed ûntbrekt my efkes.

Ien fan de fêste plannen fan hjoed wie om in woest stik oer draaiende reedridersbobo's te skriuwen, mar jim fiele it al oankommen, de moed ûntbrekt my efkes. 

Dus, om koart te kriemen: ik gean mei in bakje tee op it terras sitten.   

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen