It nûmer datst belje kinst



Simpel. Simpel en ienfâldich. Sa moat it. Dan in goed glês, en sliepe sûnder dreamen. Dat is myn libben, net mear en net minder.
Wa’t ik bin? Dat bin ik sels al jierren ferjitten, of ik ha it ferkrongen, dêr wol ik ôfwêze. Mar dat sliepen, dat is essinsjeel. As ik dat net mear kinne soe, wie it net bêst, ik ha myn beauty sleep mear as nedich. It hâldt my skerp, it soarget derfoar dat ik rasjoneel tinken bliuwe kin, de gedachten by it wurk dat foar my leit. Gjin ôflieding, gjin ynminging troch nachtmerjes, sliepe om it libben dat ik libje yn stân te hâlden. Miskien tsjin better witten yn, mar ik bin ûnstjerlik, nimmen wit wa’t ik bin, sels iksels net, dus wat wolle je noch mear. Wa sil my wat meitsje. Wa bin ik? Ik bin in karikatuer fan wat ik tocht dat ik wurde soe. In komplete ramp, alles ynjûn troch omstannichheden dy’t ik nea foarsjoen hie, sels net iens betinke kinnen hie. Ik bin, sa as se sizze, it nûmer datst belje kinst. Ik ha gjin namme, ik bestean net foar de wrâld. Mar dat is in leagen, want ik bin der wol, ferdomd ast net wier is.
Miskien hie it better west as ik der net mear wie, in ûnderwerp wêrfan’t ik my wolris ôffrege ha oft it de muoite wie om oer nei te tinken. Mar net te lang, want dat soe my ôfliede kinne fan wat der foar my leit. Miskien hie ik opnaam wurde moatten yn in earder stadium, mar as eat net bard is, kinne je der gjin oardiel oer jaan, dus ha ik dat neist my dellein.
Wat oerbliuwt?
Ik.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen