Hammond oargel

Alles leuk en aardich hear, dat Lowlands. In pear prima tekear geande bands, in soadsje razende rappers dy't de broek op healwei sânen hingjen ha. Ik snap dat net, ha dy lju dan noch net troch wat dat betsjut? Lit mar, it is hjoed snein en wy moatte dan net te mâl. Ferhalen oer Amerikaanske finzenissen en wat him dêr allegearre ûnder de dûs ôfspilet? Nee, in oare kear mar. Ik leau al dat de hype om algeduerich mei de hân yn it krús oer it toaniel te draven wat oan it ôfnimmen is. Fûn ik ek net sa smaaklik, ik leau dat dy jonge fan Jackson dêr mei begûn is. No, dêr hoege jo net sa grutsk op te wêzen.
Wat al opfalt is dat hast alle sjongers miene dat se harren poddehier om it kin stean litte moatte. Anne Tjerk Popkema die der op Facebook ek al melding fan: Alex Kapranos, de foaroanman fan de rockband Franz Ferdinand (goede bandnamme, fansels) sei yn de Volkskrant: "Echt, al die zogenaamde folkbands, die mannen met banjo's en baarden, met hun zijige liedjes, ik hoop dat we die tijd snel achter ons kunnen laten."

No sa, soe ik sizze. Litte de Foo Fighters ek mar rap in nij album opnimme, dan kinne dy alle festivals wer ôfslúte mei in rockshow dy't stiet as in hûs. Twa oeren lang, plus bonustracks. En bluesrock, dat mocht ek wol wat mear. Sa as dit: Hast 9 minuten lang. 




Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen