De korrupte transfer fan Gareth Bale nei Real Madrid?

Dit is in fuotballer mei de namme Gareth Bale. Se sizze dat er aardich balje kin, mar dat sei myn trener earder ek.
Gareth is berne yn Cardiff, de stêd dêr't Hearrenfean spits Finnbogason hinne soe. Gareth kin neffens guon sa goed balje dat se by Tottenham Hotspur, de klup dêr't er modaal salaris fan in pear miljoen fertsjinnet, dollartekens yn de eagen krigen ha. Eurotekens wol te ferstean. It strjitearme Spanje is miskien syn foarlân.
De frijwat korrupte fuotbalwrâld aldaar lit nammentlik rêstich ta dat Real Madrid 100 miljoen foar de spiler betelje wol. Wylst Real sels fersûpt yn de skulden. Maaaarrrr...

De jittikmigers moatte wol efkes witte dat hoewol Real keninklik hege skulden hat, dit oer it algemien lang rinnende lienings binne. Dêr moat rinte oer betelle wurde. Oer ôflosse sille wy it mar net ha...

Sjoch, it Spaanske fuotbal wurket sa: Jo ha twa klups. Real en Barcelona. De rest krijt de krommels fan de TV jilden. As in oare klup kampioen wurdt is dat in prestaasje fan formaat, yn 't foar binne se folslein kânsleas.

Real Madrid hie oan de credit kant yn it seisoen 2011-2012 bygelyks it skamele bedrach fan, skrik net, 512.500 stean. Miljoen, wol te ferstean. Se barden dus in heal miljard yn. Hoesa grutte klup? Barca moast it mei 483 miljoen dwaan en ús sunige buorlju út Munchen sieten hielendal krap by kas mei 368 miljoen. Dêr kin Rummenigge de kachel hast net fan stoke, no?

Dus as Real 100 miljoen foar Gareth Bale betellet, litte se warbere Sjineeskes, Koreaantsjes en leave famkes út Taiwan in pear miljoen shirts meitsje mei de kop fan ús Gareth der op. Kostpriis fan sa´n shirt sil net sa heech wêze, oars moatte se noch mar in oerke langer as de 16 deis, dus hast skjinne winst.
Wat docht sa'n shirt mei Bale? In euro as 50? Jim kinne wol rekkenje, tink?

Sa djoer is dy Bale dus net as jo Real Madrid binne.   

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen