Ajax is de meast irritante ploech fan Nederlân

Earlik sein: justerjûn yn it Abe Lenstra Stadion ha myn buorman ek ik elkoar nei in kertier wedstriid ris oansjoen. 'Dit koe wolris in lange jûn wurde,' sei ik.
Hy knikte. 'Twa maatsjes te lyts...'

Geandewei it folgjende kertier barde der wat nuvers. Ajax skopte der net ien mear yn en wienen wy yn It Feen tsjûge fan in wûnder. Komselden ha ik in wedstriid sjoen dy't sa skerp twa gesichten sjen liet. Okee, de earste fan Finnbogason wie in gelokje, mar it gie om de wize fan fuotbaljen.

As je der wat objektyf nei sjogge hie Frank de Boer gelyk. Ajax wie baas en stie folslein terjochte op 0-2. Neat tsjinyn te bringen. Mar it jonge ploegje fan San Marco liet him fan syn bêste kant sjen en draaide de wedstriid om. Al mei al in prachtige fuotbaljûn.

Ajax is de meast irritante ploech fan Nederlân en omkriten. Ik ferlies noch leaver fan Cambuuur en Grins dan fan Ajax. Werlik, it dedain wêrmei't de godenzonen net it respekt opbringe kinne om, as it folksliet spile wurdt, efkes stean te gean? In fuotbalklup ûnweardich. Ik wit dat der ûnder de supporters fan SC Hearrenfean ek in soad Ajax oanhingers binne. No, ik bin der net ien fan. Respektleas, út de hichte en se ha it meast freeslike út-shirt fan de wrâld.

Jammer dat se de 3-3 makke ha.

En foar de rest fyn ik dat Frank de Boer in prima prestaasje levert dêr yn Amsterdam, Ajax wurdt mei kop en skouders boppe de oaren út kampioen. No noch efkes stean gean mei it folksliet, dat soe in kampioen siere.  

Reacties

  1. a goeie, myn skoanheit Jeep v/d Reyd(rip) koe harren bloed ek wol drinke.....yn`e oarloch kaam it spul hjir hinne om te fretten, en no sjogge se ús net iens mear stean....sei er altiid.....

    Gr. Gerrit Jansen

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen