Strawelte en de Hûnekop kinne folle better

De earen piipje my noch wat nei fan justerjûn. Om in oere as njoggen bin ik op it fytske stapt en rjochting de Feanhoop sukkele. Oars kinne jo om dy tiid wol in mitrailleur leech sjitte sûnder wat te reitsjen op it fytspaad by de Noarderkrite, no skarrelen der manlju mei as sûnder t-shirt om. Dat ha je mar ien kear yn 't jier. Juster wie der ek plak foar de wat âldere jongerein, omdat Strawelte wer ris in Heintje Davids act die. De lêste kear dat ik de mannen live sjoen hie, wie op in NCRV jongerendag yn Thialf. Stjerrende wier, eins bin ik wol benijd oft se sels noch witte dat se dêr ea spile ha. As it my net mist, die Henk Mouwe doe de oankundiging. Doe't Strawelte daliks snoeihurd útein sette, skrok er al wat, mar hie doe wol troch wat al dat punkfolk op de NCRV jongerendag socht. Machtich moai.

De grutte tinte fan it Veenhoop festival wie juster rûchwei healfol. Dat foel my wat ôf, snein koenen je op de koppen wol rinne, sei immen tsjin my. Miskien dat it wat mei de priis fan €25.00 te krijen hat? As je der mei frou en bern nei ta wolle, binne je in bankje lichter en ha je noch neat hân. Dat is miskien foar guon dy't wol graach wolle mar it net betelje kinne reden om dan mar net te gean?

De Hûnekop en Strawelte tegearre op ien poadium. Dat past moai, soenen je sizze. Beide bands binne ikoanen fan harren tiid. Ik fyn se beide moai. Mar net tagelyk.

Geandewei de jûn hearde ik fan minsken om my hinne dat it harren net tafoel. Dat gefoel hie ik ek wol wat. Dat kaam net troch in gebrek oan ynset fan de manlju op it poadium, mar krekt as wie it 'mei syn allen' wat 'gekunsteld'.

Neffens my hie de jûn better wurden as beide bands earst in eigen set spile hienen. Beide in dikke 50 minuten knalle en dan yn it lêste healoere mei-elkoar feestfiere.
Hoe ticht de muzyk ek byelkoar leit, dochs is de sound fan sawol Strawelte as dy fan de Hûnekop unyk, dat kaam juster net hielendal ta syn rjocht, en dat is skande, want dat hie wol kinnen.

Wimpie wie der fansels ek mei syn t-shirts, dizze hjirûnder bin ik net wis fan oft er út dy syn kreamke komt. De drager fan dit stikje heechsteande kultuer woe net werkenber yn byld. Ek wol te begripen, of net, buorman? ;-)





    

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen