Stiftingsbestjoer SC Hearrenfean moat no yngripe

Skokkend en der fier by troch. Oars kin ik de útspraken fan SC Hearrenfean foarsitter Robert Veenstra yn de LC fan hjoed net neame. Hoe fan himsels oertsjûge en fier fan de realiteit kin immen wêze? Totaal gjin refleksje, totaal gjin idee wat der ûnder minsken spilet. Efter him stiet Wino de Jong, dy't skynber ek genietet fan it stikje macht dat er as foarsitter fan de RfK hat.

'Kijk, als 20.000 van de 26.000 mensen die hier bij wedstrijden op de tribune zitten vinden dat het niet goed gaat, moet je iets doen. Daarvan is geen sprake. Mensen hebben de keus om te komen of om weg te gaan. We zullen zien.' Was getekend, Robert Veenstra.

Dus, net earder as dat 4/5e fan de supporters it Abe Lenstra stadion útjage binne, de boppeste ferdjipping mei skyboksen net mear iepen hoecht op wedstriiddagen omdat se leech steane, as jo in kûgel troch Fean Plaza jeie kinne omdat der neat oars rekke wurde kin as lucht, pas dan.

Pas dan soe kening Robert oerwaagje wolle om ris efkes te sjen oft er de saak noch ien kear útlizze moat oan it domme folk dat him, it sjeny, net snapt.

Is soks net strafber? Moedwillich in klup dy't mei in soad mienskipssin, leafde foar de klup en boereferstân sa grut wurden is, nei de soademiter helpe?
It stiet hjoed gewoan yn de krante. Pas as de klup leech rûn is, sil Robert Veenstra opstappe. Mei as bonus de ôfsprutsen ôfkeapsom yn de bûse, want tink der mar goed om dat er dat wol goed regele hat.

De man is de wei kwyt.

It is te hoopjen dat it stiftingsbestjoer nei alle publikaasjes yn de gaten krijt dat we it hjir al lang net mear oer emoasjes ha. Ja, fuotbal is emoasje, mar dit giet oer hiel wat oars. Dit giet oer in feriening stikken meitsje mei as iennichst doel jo eigen gelyk te heljen.

It stiftingsbestjoer moat de RfK nei hûs stjoere, hoewol dat net foar alle leden jilde moatte soe. De RfK sprekt nammentlik ek net foar it gehiel. Wino de Jong sprekt foar de mearderheid, dat is demokratysk wol ynoarder, mar de ferhâldings steane op skerp mei mar ien stim ferskil.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen