Robert Veenstra fuort? Dêr wol ik by wêze



Niis ha ik 546 euro oermakke op rekkennûmer NL62 INGB 0005 2069 31. Dat sil grif in soad minsken bekend foarkomme, it is de bankrekken fan SC Hearrenfean. Wy ha twa kaarten foar de easttribune.

As de berjochten doge sille der oar jier gâns lege blauwe stuoltsjes wêze yn it Abe Lenstra Stadion. En dat is skande. Neffens my is dit de 26e kear dat ik in seisoenskaart kocht ha, noch nea ha ik der sa tsjinoan skytskoarre as dizze kear. Sterker, it wie nea in fraach oft je ferlinge soenen. Jo hearden by de famylje.

Yn it âlde stadion siet ik ek al op de easttribune. Rige ien, stoel ien. Sûnder dak boppe de holle. De tiid dat der noch krekt as by in kondukteur yn de trein gatsjes knipt waarden. Jo sjogge it op de foto, ik ha noch in pear bewarre. As in oantinken oan de opgeande tiid dy't wy mei-elkoar meimakke ha. Elts jier de begrutting wat omheech, elts jier mear folk op de tribunes.

Samar in fraach dy't by my opkomt, hoefolle seisoenskaarten soe ús hjoeddeistige foarsitter Robert Veenstra hân ha?
Robert Veenstra, dy't my yn in off the record parsepraatsje útmakke foar de skriuwende maat fan Henk Hoekstra. Lokkich lekt dat út op redaksjes en binne der oare sjoernalisten dy't yn datsoarte gefallen efkes hifkje oft soks wol doocht. Dy dogge harren wurk dus wol goed, sille wy mar sizze. Ik kin de hear Veenstra hjir daliks wol út de dream helpe, ik ha noch nea in wurd wiksele mei Henk Hoekstra, de foarsitter fan de Unis Flyers. Dus. 

Wêrom dan wol in nije seisoenskaart? Omdat ik it ferpof om thús te sitten wylst MYN klup oan it fuotbaljen is. Omdat ik der fan oertsjûge bin dat Robert Veenstra de langste tiid foarsitter west hat. Omdat ik in útspraak fan in bekende foar wierheid oannim: 'No board is bigger than the club.' Gjin bestjoer is grutter as de feriening.

Op de Omrop wie it boadskip fan ien fan de sponsors dy't ôfheakke tige helder. Wy komme werom as Robert Veenstra der net mear sit. Dat wol ik mei eigen eagen sjen. Dêrom ha ik de kaarten ferlinge.    

Reacties

  1. Moai dat Jelko van der Wiel noch mar ris dúdlik makket dat it gjien aksje tsjin ien persoan as bepaalde persoanen is. Dat wie dat ûndersyk yn earste ynstânsje ek net. Mar it mei no ek dúdlik wêze dat sûnder it opstappen fan dizze direksje en RfK der yn feite neat feroarje sil. Dizze mannen hawwe no in heal jier de tiid hân om sjen te litten dat sy wol by machte binne om ús klup Hearrenfean nei elts syn tefredenheid te lieden. Mar der is hielendal neat bart wat ferbettering sjen lit. Derom wat my betreft: opsoademieterje mei de hiele egoïstyske bende dy't der no sit. En dernei moat eltsenien de kâns jaan oan minsken dy't de klup heech sitten hawwe. In nije dei. In nij begjin.

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen