Meldpunt

35 jier lyn

'Mem, Mem!!!'
'Wat is der te razen?'
'Se sizze dat der in foks yn de bosk sit!'
'Is dat sa? Wa sei dat dan?'
'Rein Bakje.'
'O, no dy is boskwachter, dus sil it wol sa wêze.'
'Ja, mar hy sit njonken ús hoekje oan de singel.'
'Wa? Rein of de foks...'
'De foks!'

In dei as wat letter wie it plak dêr't de foks in hoal hie, útgroeven en de bisten opromme. De rêst kearde werom. In foks yn de buert? Dat wie in bysûnder barren. 'Dy hearre hjir net, want se frette alles op,' bromde Rein de Boskwachter, dy't ek by de jagers fan It Wâld hearde. De wildbeheerseenheid, sa't se dat hjoed-de-dei neame.
Yn de bosk efter ús pleats tilde it op fan de grûnbrieders. Einen, fazanten, allegearre kamen se mei in rige jongen út de spjirrebosken wei.
Yn de greide, dy't fol mei blommen en krûden stienen, wie it ek in libben fan komsa. De roeken, dy't in koloanje hienen by De Kom, midden tusken it bûten fan de Friesland Bank en it museum Belvedêre, hienen klauwen om sûnder skea troch it sperfjoer fan ljippen, strânljippen, tsjirken en skriezen te kommen.
Sa no en dan seagen wy in buizerd. Dy kaam út it Tuimelaarsbosk. Ik wist wol wêr't er syn nêst hie, omdat der in stik as wat kastanjebeammen yn dy bosk stienen. Meastal wie der wol immen mei in pompbuks dy't de wildbeheerseenheid efkes holp. Dêr waard net oer praten. Dat wist de iene fan de oare, de balâns tusken de fleur en libben bringende greidefûgels en de rôvers moast hânhavene wurde. Ien útsûndering, de ûle dy't flak by de daam fan ús tagong nei de landerijen oan de Knypster kant syn nêst hie. Dy friet mûzen, dus wie er wolkom.

Hjoed.

De griene biljertlekkens dy't ea greiden mei blommen wienen, binne juster plat meand. De kloften swarte kriën, roeken en op de termyk swevende rôffûgels speure wanhopich nei proai. As ik de Veenhoop om fyts, sjoch ik út de Kritebosk in foks de dyk oerstekken, midden op de dei.
Yn it hiele gea is gjin greidefûgel te sjen of te hearren. It wetter stiet te leech, der is mar ien soarte gers en de lobby foar de rôvers hat it no sels ta in meldpunt skopt.
Op snein rinne wy noch wolris in slach troch de bosk efter wat no in grutte wenbuorkerij wurden is. De bosk dy't ik ea as myn eigen beskôge. Ik wist alle nêsten, de rêstplakken foar it reewyld, de holle beammen dêr't de kau yn nestele.
Der sit gjin ein mear, de fazant is hast útstoarn, iikhoarntsjes sjogge jo hast net mear. 

De balâns is fuort. Der binne tefolle predatoaren en de wize fan buorkjen is troch de polityk en foarljochting feroare yn in ekonomysk model dêr't eins gjin plak mear is foar natuer. Alle fjildminsken sille dit sizze. Mar hjoed is der in meldpunt foar fandalisme oangeande rôffûgels kaam.

Ik sil it wol net snappe... 
   

Reacties

  1. ids út boazum28 mei 2013 om 13:33

    ...likemin as dat ik it snappe kin. Mar ja Ferdinand, wy simpele sylen sille der wol net genôch ecologysk ferstân fan ha ju... Hoedat sa, "it each fan de boer is donge foar it lân"? Nee hear, mei de natuer omrêde dogge jo tsjinwurdich mei in Googlebril op. Of bin ik no wat oan de sarkastyske kante fan de natuer?

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen