Fryske skriuwers skriuwe Hollânsk
Prachtich. In ynstjoerd stik yn de LC fan hjoed. Oangeande de staveringsplannen. No ju.
Yn dyselde LC slacht de hear P. de Groot fansels de spiker snoeihurd op de kop. Ik bin it net altyd mei Pieter syn stikken iens, mar hjoed fan begjin oant ein.
It Frysk giet fan ús ôf, en it oantal lju dat him dêrom bekroadet, wurdt aloan lytser. Slûpendewei. Sa seit De Groot it en sa is it.
Sjoch, dat in pear beropsfriezen op de Tweebaksmarkt in oantal oare beropsfriezen oan de Doelestrjitte opdracht jouwe om hast wer ris wat te betinken, omdat oars wolris oan harren besteansrjocht twivele wurde kin, okee, dêr kin ik ynkomme. En dat dy dan wat mei taalstavering dogge is ek helder, de útfiering kinne jo oer jeuzelje, en dat is no geande. Sukses, ik skriuw sa't ik it doch, wat se dêr by de FA ek betinke, it sil my echt in soarch wêze. Mocht ik ea wer in boek klear krije en de útjouwer soe it om de nije staveringsregels net útjaan wolle, sjogge wy dan wer fierder.
Neffens my snijt De Groot syn Dwers folle mear hout. As der stadich minder minsken Frysk prate, skriuwe en lêze, makket it gjin flikker mear út wat se ús dêr yn Ljouwert oan staveringsregels oplizze wolle.
Earst mar ris sjen oft de delgong fan it Frysk te kearen is, kin de Fryske Akademy dêr net ris in wurkber plan foar meitsje? Want wat der no is, blykt net genôch te wêzen om de dominânsje fan it Hollânsk op te kearen.
Op Facebook skriuwe Fryske skriuwers ek al yn it Hollânsk, omdat se sizze '...ik fyn it net altyd kinnen om altyd yn it Frysk berjochten te stjoeren.' Op Facebook, nota bene. Ien fan de grutste flauwekulmedia dy't der is.
As je op Facebook al net Frysk skriuwe wolle, omdat je miene dat guon it net lêze kinne, no, dan kinne se oan de bak by de FA, en net mei staveringspleagerijen.
Wy binne gewoan net grutsk op ús taal. En lit it dan ek mar ferdwine, myn tiid sil it noch wol duorje, wat se dêrnei brûke? It sil my in woarst wêze. Grutte kâns dat yn it ramt fan 'eenduidigheid' út Brussel wei it Europeesk betocht en oplein wurde sil.
Kostet ek folle minder as dat gegriem mei dy domme lytse taaltsjes.

Der bestiet gjin oprjochte fries dy geef frysk praet, neffens mij. Eltse streek yn fryslan hat syn eigen draai die mear suver en authentiek is dan het betochte geve frysk fan de headsted. No ek nochris oankomme mei neie stavering, wylst alle friezen dy no wer werom heakje nei it alde frysk fan thus just it frysk wer oplibje litte. Dat neimoaderich forfremdsje fan us memmetael sil wier de deaslach foar it frysk betsjutte kinne. It giet der mei skreauwen net om hoe as men skreauwt, mar om wat men skreauwt en meinammen mei hokker emoasje jo dat dogge.
BeantwoordenVerwijderenIk genietsje yn myn famyljerounte en freonen fan it smeuige krek net geve frysk, ek op facebook en ik sjoch dat in hiel soad minsken mei my der in hiel soad wille oan belibje. It jokket us net as it yn Staveren dondert.
Henny Meinsma
No dochst de provinsje en de FA ûnrjocht, Ferdinand. "Earst mar ris sjen oft de delgong fan it Frysk te kearen is", seist. Dat klinkt as soe der ien probleem wêze en as soe dêr samar efkes in oplossing foar betocht wêze kinne. Hokker probleem bedoelst? It ynsakjen fan de ferkeap fan Fryske boeken? It ferminderjen fan it gebrûk fan Frysk by bern? It opnimmen fan Nederlânske eleminten yn it Frysk? It binne ferskillende problemen, mei ferskillende oarsaken. Tink oan ûntlêzing, tink oan tanimmende en floeiender meartaligens.
BeantwoordenVerwijderenDo hast it der ek oer dat heeltyd minder minsken Frysk prate, lêze en skriuwe. Ik wit net oft dat wier is. As it om it skriuwen giet, haw ik dêr sels grutte twivels oer. Myn yndruk - net mear as dat - is dat folle en folle mear minsken hjoed de dei ynformeel Frysk skriuwe as foar de opkomst fan de sosjale media. Provinsje, pabo's, trijetalige skoallen (projekt dat op gong brocht is troch de Fryske Akademy), fuortset ûnderwiis (foar in part ek al trijetalich), Afûk en noch in soad oaren dogge alle war om jonge minsken feardich te meitsjen yn it Frysk, ek op skrift.
En "Kin de Fryske Akademy dêr net ris in wurkber plan foar meitsje?" Der wurkje op 'e FA mar in pear minsken dy't har mei taal dwaande hâlde. Dy kinne al dy problemen net oplosse. It binne wittenskippers. Se skriuwe wol moaie en nuttige wurdboeken. Ik bin gjin grutte fan fan de nije stavering en de Standertwurdlist, mar dat is in saaklik ferskil fan miening en dêr kinne wy op in saaklike manier oer diskusjearje. Ik ferset my al tsjin de karaktermoard op de tige kundige, fetsoenlike en sympatike minsken dy't dêr wurkje.
Fansels kin de dominânsje fan it Hollânsk net opkeard wurde. It Spaansk sil altyd dominanter wêze as it Katalaansk, it Ingelsk as it Welsh en it Hollânsk as it Frysk. Salang't de sprekkers fan dy talen yn grutte mearderheid twatalich binne, sille de minderheidstalen har typyske problemen hâlde. Dat is spitich, mar ik soe myn meartaligens net misse wolle. Dat it Frysk dêrtroch problemen ûnderfynt, is net te fermijen.
De minsken dy't har foar it Frysk ynspanne wolle, diskusjearje heel wat ôf. En soms giet dat der raar omwei. Dat is spitich, want dat demotivearret soms bot. Miskien begryp ik de mores fan de weblogs te min, mar ik soe wolle dat wy inoar net lytsachtsjend as 'beropsfriezen' betitelje of inoars motiven yn twivel lûke. Wy wolle net altyd itselde, dat hoecht ek net, mar wy ha in protte mienskiplik, ek yn ús doelen en fierwei de measten fan ús binne gewoan aardige minsken dy't fan goede wil binne.
Henk W.
Dy kop kofje moat no ynkoarten dochs mar ris wêze, Henk.
VerwijderenIk bin foar! Doen jou in foorstel?
VerwijderenGoud. Utnûging folget. ;-)
VerwijderenDer komt noch wolris in tiid, dat Brussel net inkeld de stavering keure sil, mar ek it sied fan 'e Fryske manljú, krekt as se no dwaande binne oer it saaiguod, Ferdinand, mar dan hoopje ik al yn 'e Fryske klaai bedobbe te wèze. Lit se der yn Ljouwert stadichoan is ophâlde mei dy flauwe fratsen en besykje om it Frysk sa't wy dat no kinne te stipje en yn it libben te hâlden!
BeantwoordenVerwijderenIt delgean as útstjerren fan bygelyks de Fryske taal leit him net oan in staveringskommizje, net oan Brussel as oan wat foar ynstânsje dan ek. It hat alles te krijen mei de 'trots' fan de Friezen. By in soad is dat net sa grut dat sy ek de bern it Frysk fan hús út oanleare. Om jo hinne sjogge jo hyltied mear minsken dy't sels poerbêst Frysk prate, mar harren bern glêshurd yn it Hollansk oansprekke. Miskkien omdat men tinkt dat sy oars problemen krije soene op skoalle? Ik haw it foardiel hân dan ik berne bin út in mem út Drinte. Sadwaande binne wy as bern fanôf ús earste jierren great brocht mei 2 memmetalen. Frysk en Hollansk. By oma en op skoalle praten wy Hollansk en thús Frysk. En ik mei sizze dat ik talen aardich ynfâldich op pak. Rekkenje en oarswat mei getallen haw ik wol muoite mei. Mar dat skynt dan wer normaal te wêzen.
BeantwoordenVerwijderen