De teloargong fan in folksklup



De soap giet mar troch

De teloargong fan SC Hearrenfean is hjoed definityf ynsetten? Ego’s hâlde wat ea in folksklup wie, oant no ta yn in izeren greep.

In foarsitter fan de Ried fan Kommissarissen dy’t streekrjocht fan in romtereis werom like te kommen, ôfgeande op it petear dat Wino de Jong mei Andries Bakker fan de Omrop hie.
Wat dizze man de lêste tiid dien hat mei Joast witte, hy hat yn elts gefal syn earen net te lústerjen lein op it plak dêr’t er dat wol dwaan moatte soe as foarsitter, nammentlik by de klup SC Hearrenfean. En dan net by de direksje, want dy binne net represintatyf foar de hiele organisaasje.

In pear stekwurden út de heechhertige reaksje fan Wino de Jong:

De opskuor is in werhelling fan setten.

Mei oare wurden, skande foar myn tiid. Wat wolle dy sponsers no wer te eameljen.

Sifers binne goed

Jo binne sakeman as net. Allinnich sifers telle yn dizze wrâld. Minsken binne ferfangber, lit dat mar oan de direksje oer. Dy leit prima op koers.

Sfear

Yn alle bedriuwen is wolris wat. Allegearre emoasje, kin ik neat mei.

Op de man spylje

Giet fierstente rûch, dat fertsjinnet er (Robert Veenstra) net. Hy docht wat wy meielkoar ôfsprutsen ha. (in angstkultuer skeppe, minsken tsjinelkoar útspylje, klupminsken de doar wize en freonen op wichtige posten delsette) Lang libje de Nije Dei.

Alles leit op strjitte.

Ja, dat wie yn Riemer syn tiid wol efkes oars. Doe kaam der wat nei bûten as it team dat woe. Neat teken fan de tiid. Bullshit, De Jong. En dat witte jo ek wol.

Hy (RV) docht alles goed.

Wolle jo dat ek ris oan alle meiwurkers freegje dy’t nachts gjin wink yn ‘e eagen krije omdat se alle nachten de dei neirinne om nei te gean oft se ek wat ferkeard dien ha en dus in giele of reade kaart ferwachtsje kinne?

It is US FOARSITTER

Tsja, jo oprop oan sponsors om fjouwerkant efter de foarsitter stean te gean soe wolris gâns minder reaksjes opsmite kinne as dy fan de hear Van der Wiel. Soe soks ek in reden ha, Wino de Jong? Of ha jo de lêste tiid op jo romtereis gjin wifi ta jo beskikking hân?

It leit oan alles en eltsenien.

Ja, dat soe ik ek sizze. (As ik blynkapen op hie, teminsten)

Dit wienen de haadpunten út in petear mei in man dy’t of ûnder druk setten is om sa te praten, de stimferhâlding yn de RfK is bekend, dus dêr in hiele grutte broek oanlûke liket ek op kabaret, de twadde opsje wol ik it net iens oer ha.

It redaksjoneel kommentaar yn de VI liigde der hjoed ek net om, Derksen sette (mei arguminten) foarsitter Veenstra nuver te kyk. Foaral dat se tegearre sa noflik oer it leauwen praten hienen foel my op.

As lêste: ‘It wie in goed en konstruktyf petear,’ sei Veenstra in wike as twa lyn oer it oerlis mei earefoarsitter Riemer van der Velde. Sa goed dat Riemer der net wer by sitte woe en de direksje planút wegere om ôfstân te nimmen fan de broddelkollum fan Albert van Keimpema. Dat hie ik al foarsein.

Dus, Wino de Jong. De sifers binne tige, de direksje leit op koers, de klup is sûn, de sfear koe better mar dat is no ien kear sa en wy binne allegearre spikergek, mocht it mis gean ha wy it dien en sûchje mannen as Veenstra de klup leech troch it wurgkontrakt dêr’t er Sportklup Hearrenfean mei opseale hat yn wurking te setten.

Dogge jo efkes de groetnis oan De Timmerman?  




Reacties

  1. Kinsto it jild fan dyn seizoenkaarten noch werom barre, as tinkst dat der noch wol striid komme sil de kommende tiid? En dan bedoel ik echte en hurdere striid. Mei minsken op de barrikades sis mar.
    Neffens in feanfanside is de RfK de ienige partij dy't Veenstra de sek jaan kin. Wy witte hoe de RfK der oer tinkt. Mar do hast it al in pear kear hân oer de stimferdieling binnen de RfK. Sitte dy net op 1 line en praat Wino de Jong allinnich foar himsels?

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Ik bin bynammen skrokken fan de reaksje "dat lekken moat wat oan dien wurde"... Der binne dagen dat ik tink "Mao wie in pop en Kim Yong Il in begjinneling...

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen