When the shit hits the fan, Sharon Dijksma

Ja, hear. Frou Sharon Dijksma, in Stadjer út 1971, hat har stimpel yn de skiednisboekjes setten. Sharon is steatssikretaris fan economy yn it meast selsdestruktive kabinet dat we hjir ea hân ha. Hulde oan de PvdA dy't dit mei mooglik makket. Foaral trochgean mei it lân nei gychem besunigjen en noch mear wurkleazen te generearjen. Minsken seure wolris oer de C fan it CDA, mei ik it dan spytgnyskjend efkes mei it folk dat dêr oer falt, oer de A fan de PvdA ha? Partij van de Arbeidslozen kinne se der better fan meitsje. Mar moai der efteroan draven bliuwe, minsken. Aanst kinne wy ek noch it noardlik lânsdiel begroetsje, Plasterk is ek fan de PvdA. Moaie, waarme, reade klup, no? Doch de eagen ris iepen!!!

Hjoed-de-dei falt it departemint lânbou ek ûnder it bewâld fan frou Dijksma. Net dat dy lju ek mar in flikker ferstân ha fan in pleats en wat dêr allegearre spilet, mar dat makket neat. Dêr ha jo amtners foar.
Dat dy ek werklik gjin benul ha wêr't se harren lean troch krije (want fertsjinje dogge se it net) blykt wol út ûndersteand artikel.

It mei no sa stadichoan wolris dúdlik wêze dat it ynjektearjen fan dong alle libben út de boaiem dea makket. It is as soenen se jo 100% alkohol jaan, dat kinne jo net ferdrage. It moat fertinne wurde.

As jo nei Darwin syn evolúsjelear sjogge en jo dogge sels de doppen iepen, kinne jo waarnimme dat as in ko skyt of miigt, dit op it lân falt. Dat is ek sa mei in skiep, hin, minske (as de need heech is) en hast alle oare dieren.

Soe soks ek in reden ha? Ja, dan kinne de torren en kevers der mei rêde. Boppedat fertinnet de boel, sadat de wjirms en oar iten foar de fûgels net in fiifde graads ferbaarning oprinne as se in lik jarre streekrjocht op de bealch krije.
It soe sels sa wêze kinne dat we hjir wer in pear ljippen en skiezen sjen kinne as de dong wer âlderwetsk oer it lân brocht wurde soe. Jarrebak en dongwein foar dyselden dy't der foar trochleard ha.

Ja, mar dat is net goed foar de ozonlaach, De Jong. Jo betsjinje jo fan goedkeape retoryk. Sil ik jim ris in komplot út de doeken dwaan? Al dy flauwekul oer in skeet fan in ko is ekonomysk gelul. De echte fersmoargers ride op de dyk, stean yn Ruslân en Sina te walmjen en lizze net noflik te wjerkogjen. Hingje mar ris fiif minuten mei de noas efter de kont fan in ko en dêrnei de útlit fan in auto, wedzje dat de twadde jo dea wurdt?

It is dat se molke jouwe en dêr ha de amtners gjin alternatyf foar. Mar oars?


Reacties

Populaire posts van deze blog

Robotmeaner as feilige haven

Links en rjochts

SC Heerenveen, het echte verhaal