Totilas



Moai is soks. Sa no en dan komt it foar, in spesjale bân tusken in bist en in minske. Jim sille it grif ris hân ha of by in oar sjoen. Bygelyks dat in kat altyd by deselde op skoat hipt, in hûn dy't him pas deljaan wol as de baas der is.

Dêr hat jild nea mei te krijen.

Der wie ris in hynder. It bist blykte tige goed te wêzen yn de dressuer. Sa goed, dat doe't ik him de earste kear op TV seach, de mûle my iepen foel. Wat in pracht bist, it like him sa maklik ôf te gean. En wrâldferneamd wurde wie mar in kwestje fan tiid.

Totilas hjit it bist. Hy is fan it jier 2000 en is hjir yn Fryslân fokt, de heit is Gribaldi, mem hjit Lominka.
Edward Gal wie oant 2010 ta syn fêste berider. En dy beide hienen in klik, sa't se dat sizze. Fansels hat it in berch tiid en oefenjen koste om de hynst op it nivo te krijen dêr't er yn 2009 in rekôr oan punten mei byelkoar rûn, mar it like of boarte Gal der mei.
8000 euro dekjild fregen de eigners foar it sied fan de wrâldtopper.

En doe kaam it grutte jild om de hoeke. Paul Schockemöhle bea safolle dat it in 'offer you can't refuse' wie. Neffens guon mear as tsien miljoen. De relaasje tusken Edward Gal en Totilas wie oer. In nije ruter, Matthias Alexander Rath, krige de eare om op it bêste dressuerhynder fan de wrâld te stappen. Goud yn Londen moast der komme. Foar Dútslân. Totale mislukking.

Tsja. En doe koe er der gjin pankoek mear fan. Sûnt oktober ferline jier, in oantal jierren fierder dus, stiet Totilas by Anky van Grunsven en Sjef Janssen op stâl. Janssen moat Rath leare hoe't er Totilas beride moat.

Soks is machtich moai. En de oplossing is wier net sa dreech, as dy eigenwize Schockemölhle noch in pear sinten oer hat, jout er de Rath de sek en freget Gal oft er asjeblyft wer op de rêch fan de swarte hynst klimme wol.
Mar ja, de oplossing kin noch sa simpel wêze, jild makket mear stikken dan jo leaf is. Dat is dus wol helder.     

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen