Strafmjitte

Wat ik my ôffreegje by it lêzen fan sa'n berjocht is, hoe't de âlders fan sa'n bern de hichte fan de straf fan Jasper S. besjogge. En oft se de yndruk krije dat yn it harren oangeande gefal moard 'met voorbedachte rade' net ta de útspraak laat hat dy't se  graach wollen hienen. Omdat de dieders te jong wienen. Mar wol âld genôch om yn't foar te betinken dat se har telefoan stelle woenen, har dêrnei ferkrêftsje en om hals te bringe woenen. Ik wit wol dat der TBS efteroan komt, mar ien jier? Omdat de hufterkes te jong wienen? Soks is dreech te akseptearjen foar de âlders fan Sehriban, kin ik my samar yntinke.  

Reacties

  1. Wurden út myn hert wei skreaun .. sokke feiten gean myn ferstân te boppe .. soks makket my fertrietich.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Ik haw ea wat gelykes meimakke mei ien fan myn eigen en as ik dan soks hear kin ik wol snotterje, Asto my opsetsin it libben nimst fan ien dy't it libben noch foar har hat is dit gjin straf. De rjochtspraak doocht net yn dit lân!

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen