Korrupt Fryslân

Ha jim dat wolris?

Dat de fingers jo jokje om ien en oar op 'papier' te setten dat jo lêzers de kâns jout om ôf te weven mei alle leagens en om de kant lulle dat guon minsken dogge?
Dat je witte hoe't it sit, wa't trijedûbel fel foar de kop hat en wa't de lekkens útdielt? Dat je foar in grut part yn it snotsje krije hoe't de iene by de oare yn de houtgreep leit en der neat oan dwaan kin omdat er oars smoare sil, wylst dyselde him nei bûten ta as tige populêr en betûft oppenearret mar eins op stjerren nei dea is?

Dat de wierheid efter djoere auto's, hûzen, netwurken, bûten de doar neuke, strakke pakken, elts jier in fette bonus, ûneindich hege trakteminten, mei in sleat drank op rêstich yn de auto stappe, minsken moedwillich mei de grûn lyk meitsje, guon de grûn yn skriuwe dêr't je jierrenlang fan fretten ha, mei in glim op it gesicht in fergadering yn stappe dêr't jo de útkomst yn jo foardiel al fan witte, de hiele boel manipulearje kinne omdat der earne in fracht wikseljild iepen stiet en fuort promovearre wurde omdat je de klauwen net thús hâlde koenen mar op sa'n wichtich plak sitte dat de organisaasje der tefolle negatyf fan yn it nijs komme soe en dus beleane wurde foar jo misdragen?

Stel jo witte sokke saken te beneamen. Soenen jo de hannen dan net jokje om it op 'papier' te setten? No?

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen