Koppensnellers yn literêr Fryslân: 'Denk aan de stuit!'

Mei ik efkes jim oandacht foar de koppen op side 8 en 9 yn de LC fan hjoed? Ik sil se allegearre opskriuwe. It is de bûtenlânside, of wol buitenland. Net oerdriuwe mei dat Frysk... Hawar, hjir komme se.

Tweede verdachte verkrachting kleuter
Doden bij schietpartijen Rusland en de VS
Zeker 185 doden bij gevechten in Nigeria
Broers wilden meer aanslagen plegen
Bloedbad onder burgers in voorstad van Damascus
'Etnische zuiveringen in Birma'
Serviers Kosovo tegen akkoord
Bedreigingen om homohuwelijk
Tabaksmagnaat leider Paraguay
'Aanslag Canada voorkomen'
Taliban gijzelen bemanning heli

Wat in pear siden, sis. It ûntbrekt der noch oan dat de Veiligheidsraad in spoedzitting gearkomt oangeande de reboelje oer in waardeloas lietsje hjir yn het koninkrijk der lage landen. Net ien fleurich berjocht. Djip tryst.

It is net oars, mar fierwei de measte koppen ha te krijen mei leauwen yn eat. Leauwe dat homo's net doge, leauwe dat nimmen doocht útsein ekstreme moslims en sa kin ik noch wol efkes trochgean.

Wat is it hjir dan hearlik rêstich yn Fryslân. Op de regioside in immer laitsjende Jannewietske de Vries, dy't bliid is dat Plasterk earne in krabbel ûnder set, djipgeande tasizzings woe de man net jaan, dit yn it ramt fan de krisis, (kul), in berjocht dat der in rel op hannen is by de FA en de FNP wol net wetterskye. No, dat binne ekstremen, of net dan.

Yn it literêre wrâldsje giet it der oars wol wreed om en ta, mar dat snapt net ien, dus de (fierstente lange) epistels fan kopstikken út skriuwend Fryslân wurde mar troch in stik as wat die hards lêzen. Tip: skriuwe is skrasse. Dat is krekt as mei les ien balskoppen by de F-pupillen: 'Denk aan de stuit!'

      


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen