Junkpost



Dei 17.

Noch altyd winterwaar. Min fiif om healwei achten, as it hast ljocht wurdt sakket it kwik in graad.
Ik fiel daliks de stres wer. In kombinaasje fan net skriuwe kinne oan myn nije roman, en it feit dat de auto it grif net dwaan sil. Lokkich is der kofje yn de wrâld.
Myn plannen foar hjoed binne net helder. It leafst stuts ik in peuk op, mar ik ha gjin shag yn ’e hûs. Dat wie in goed beslút, ynearsten tocht ik dat ik gek wurde soe as ik alles fuortsmiet, mar krekt it feit dat it der noch wie blykte in wichtige oarsaak fan myn drang nei in sigaret. No hoech ik net mear te fjochtsjen tsjin it beetpakken fan it pakje tabak en fluch ien te draaien, it pakje is troch de frou yn de kontener mitere en de gemeente hat him lege. Gjin kâns op.

De bakker sil ek wol tinke dat ik de Javaanse Jongens earne oars weihelje. Ornaris trije kear yn de wike stapte ik de nei bôle rûkende winkel binnen, lei seis euro en tweintich sinten op de toanbank en buorfrou, dy’t middeis bakkerske spilet, frege al net mear wat myn boadskip wie.
Alle kearen dat ik der del kom balje ik de fûst. Om my kom ik der nea wer yn de winkel. Net om de bakker, mar ek dat plak is sa mei smoken ferbûn dat it alle kearen as in lytse oerwinning fielt as ik de doar foarby ryd, fyts of rin.
De standert sin: ‘Mei ik in pakje Javaanske Jonges, trijekwart mei reade Rizla,’ hoe faak soe ik him opdreund ha? Dat komt net sa krekt.
De tabak leit by de bakker net yn it sicht. Se ha ek mar in pear merken, omdat in bakker syn pappenheimers wol kin. Lofts ûnder de toanbank, dêr lizze de harddrugs ferstoppe. Foar wa’t it net wit is de bakker gjin dealer, mar wy as ferslaafden wisten wol better. De bakker as kofjeshop. Altyd iepen, altyd foarried.
Ik wist krekt wannear’t ik de jûn net troch komme soe, omdat ik te min shag op foarried hie. Dan kocht ik in pakje, en stuts it by it oare yn it bûske fan myn boesgroen. In net te leauwen presise rûtine. It kaam my nea oer dat ik net genôch hie. En fielde ik dat it op de grins wie, betocht ik in ferlechje. ‘De disel is hast op, ik helje noch gau wat. Kin noch wol foar iten, net?’ Datsoarte flauwe smoeskes.

De dei ferrint rêstich. Middeis betink ik dat ik Start Pilote helje wol. It oerâlde middel om trekkers en oare motors makliker starte te litten. Wy geane tegearre nei de Gerdyk, de frou en ik. Njonken it grutte pân fan Steven Sterk sit de Omah. In winkel fan sinkel. It jout wer ôflieding. Bêst genôch.

Buorman hat my in mail stjoerd, wêryn’t er seit dat er earder mear as minder nocht oan in peuk krijt. Dat docht my op in nuvere wize tige goed. De wedstriid liket no echt los, juster noch sei syn frou dat ik it slimmer hie as hy. Lekker puh.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen