In wan op 'e bealch moat er ha, dy blaukop!

Wy ha in laurierpôle yn de tún. Dy dingen waakse hurd, dat ik ha him in wike lyn aardich neisjoen. Jo kinne der no trochhinne sjen, mar neffens minsken dy't der ferstân fan ha, is dat samar wer oer.

Sa'n laurierpôle is in wrâld op himsels, wy ha út de keuken wei in moai oersjoch fan wat him dêr allegearre ôfspilet. Juster en hjoed seagen de frou en ik in staaltsje fan gemien gedrach dat ik jim net ûnthâlde wol. Us beide katten, Swartsje en Igor, de reade boarre, lizze meastal op de tafel op it terras te slûgjen, sy folgje de ûntwikkelings wol, mar binne net botte aktyf as de sinne skynt. Nee, de terreur komt út in oare hoeke, ien dêr´t je dat net daliks fan ferwachtsje soenen.

De hiemklyster briedt al in oantal jierren ôfwikseljend yn de klimhortinsje tsjin de muorre en de laurierpôle. Dit jier is de laurier wer oan bar. Dus drok, drok. Tôgje mei mos, (dêrom is it net slim as der mos yn it gazon sit, de fûgels brûke it!) fearkes, stikken plestik, jo ha gjin idee hokker troep der yn sa'n klysternêst ferwurke sit. Moai om te sjen, dy bisten bodzje wat ôf.

In stel blaukopkes (pimpelmees) ha harren each falle litten op ien fan de nêstkastjes. Wy ha in stik as fiif yn en om it hûs, dus kar genôch. Wat seagen wy juster? In blaukopke dat hast op itselde plak yn de laurierpôle ferdwûn as de klyster. Ik tocht dat er dêr ek oan it bouwen wie, mar nee, in pear tellen letter kaam er mei de snaffel fol mos wer foar it ljocht en fleach streekrjocht nei de nêstkast!
It fûgeltsje wachte kreas oan de klyster om nij ark út wie. Dêrnei, jim wolle it leauwe as net, sloopte er it grutste part fan wat de klyster yn syn nêst prutst hie, der mei deselde gong wer út.

Hufterich gedrach, of te beroerd om sels om boustiennen út? Wy witte it net, mar dy klyster soe ris witte moatte wa't it docht, dan soe er dy klier grif in wan op 'e bealch jaan. De pearkes readborsten en tomkes skarrelje ek ûnder de pôle om, it is in lytse biotoop, mei terreurdriging dy't je net yn in laurierpôle ferwachtsje soenen.






Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen