Halbe Zijlstra, de nije Jezus



Blinder, Boarnburgum yn it nijs. Yn it ramt fan de wiksel fan de wacht yn keningskringen hat de gemeente Smellingerlân ta de beurs west en Bombats in beam tasein. De linebeam komt by it doarpshûs. Klear, ik sil der net in dei minder om sliepe, it is my wol goed.

Lit ik der helder yn wêze, ik bin foar ús keningshûs. Dit omdat it as úthingboerd nei lannen dêr't wy hannel mei dogge seis kear troch de wike en twa kear op snein better oerkomt as de foarbygongers yn de Twadde Keamer.

Jim kinne jim grif de bylden fan Balkenende yn The Oval Office noch foar de geast krije. Beskamsum. Dêr hie Beatrix op in weardiger wize mei rêden. Mark Rutte op besite krije levert grif net folle oarders op, of it soenen tsjakkaaa popkes út Taiwan wêze moatte.

Dat dy lju yn de Twadde Keamer lêst ha fan megalomaan gedrach, totaal sûnder selskrityk, wurdt op treflike wize troch in Fries etalearre. Halbe Zijlstra, ús Halbe, is no al sa'n ein omheech fallen, dat er mient dat we ien fan de pylders ûnder ús steatsbestel mar ôfskaffe moatte. De Earste Keamer.

Halbe fynt dat se syn treflike plannen dwersbongelje, en Halbe is de nije Jezus, dus ôfskaffe dy sigareklup.

Hoesa foarbygongers? As oer in (ik hoopje tige koart) skoft Halbe Zijlstra net mear yn de twadde keamer sit, sil de Earste Keamer der noch wêze, om refleksje ta te passen op harren sels oerkattende typkes lykas Halbe Zijlstra.

De Earste Keamer weeft ôf mei opportune dwaze plannen lykas Geert Wilders en Halbe Zijlstra de wrâld yn slingerje, en lit dat mar moai sa bliuwe. Ik ha wolris earder skreaun dat ik as Fries plakferfangjende skamte fiel as ik Halbe Zijlstra hear en sjoch. Dat is troch dizze idioate selsoerskatting fan de man út it heitelân allinnich mar slimmer wurden.

Myn plan is: sa gau mooglik ferkiezings. Dan kinne wy Halbe Zijlstra ôfskaffe. En dan mei kening Willem moai sitten bliuwe, krekt sa as de Earste Keamer.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen