Calimerogedrach fan Sietse de Vries

Twitterje is as prate: de kwaliteit moat it belije. Dat binne de lêste wurden fan de kollum fan Pieter de Groot, dy't hjoed yn de LC stiet.

Sietse de Vries docht it in pear siden earder yn it Nederlânsk. Hy seit dat it Frysk foar it gewoane folk is en dat 'zij die boven ons gesteld zijn' oer it generaal Hollânsk prate. Dat wie yn 1960 op ´e Tynje ek al sa. Hy keppelet der ek daliks mar oan fêst dat it feit dat se op it plak sitte dêr't se sitte is, omdat se grif mear kwaliteit ha. De domme Friezen meie harren kofje ynjitte. De Vries seit: We mogen er dus vanuit gaan dat in de meeste gevallen de beste man of vrouw op de directeursstoel terrechtkomt.

Mei oare wurden: Hjir yn Fryslân soe gjin frou Bak omrinne dy´t Frysk praat? Calimero gedrach. Typysk Frysk eigen.

Sjoch ris om jim hinne. Rûnom sitte Friezen op topfunksjes yn it bedriuwslibben, binne wethâlder yn wit ik wêr, mar dat wit hast net ien, omdat se yn dy funksjes it Frysk net brûke kinne. Mar it wol net sizze dat op alle hege posten in Hollânsk pratende man as frou sit, omdat hjir gjin kwaliteit wêze soe. Soe it net sa wêze dat de braindrain op gong komt troch te tinken sa as De Vries docht? It hat nea wat west en it sil nea wat wurde mei dy Friezen en it Frysk?

Is der earne yn de wrâld wat mis, duorret it meastal mar in dei, dan bellet de Omrop mei in Fries dy't (tafallich) yn dy útbuorren wennet en wurket. En ja, se ferjitte in soad, mar net dat se Fries binne. It liket dat we hjir op de âlde grûn tige fetber foar dy sykte binne. De dokter en de dûmny prate Hollânsk.

De Vries docht oan krisisgedrach. As je mar faak genôch sizze dat it allegearre sa freeslik en slim is, leauwe jo josels op in gegeven momint ek noch.

Sorry hear, ik meitsje my der lilk om. En dus sil der grif in flaterke yn slûpe, De Groot. Mar skerpslipers as it op taal oankomt, winne de oarloch net. Dy stjerre iensum en fol wrok earne yn in bêd, wylst de wrâld trochlibbet en kommunisearret.

Yn sprektaal.

Frysk, as it oan my leit.

Reacties

  1. Neat mis mei ús moaie Frysk. Wat is dat foar healwize kwast dy Sietse de Vries. Een stikje skriuwe yn it Hooghaarlemmerdijks en dan mei Sietse as ropnamme en de Vries wat werskynlik gewoan in ferbastering is fan de Fries. Wat in earme healwize kwast binne jo dan. Ik haw súver in bytsje mei him te dwaan. Nee, dat wie in grapke fansels. Healwize kwasten roppe it oer harren sels út dat minsken se net meie omdat se negatyf oer in memmetaal prate as skriuwe wolle.

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen