Sportferdwazing: Red Bull sporten

Planica, Slovenië. In gat yn de dyk, tusken hege bergen. Jo soenen der nea wat fan heard ha, wie der net ien sa snoad west en meitsje gebrûk fan de situaasje ter plaatse.

Ien fan de nuveraardige sporten is krekt sa apart as ús fierljeppen. Skyspringe. Op nijjiersdei stiet de earste útstjoering fan Studio Sport al jierren yn it teken fan dat fan in berch ôf hippe. Is der gjin berch? Meitsje wy in mânske skâns, lykas yn Oslo, op de Holmenkollen. Mar springe sille wy.

Yn Planica ha se dus in stik berch leech fan beammen makke, en dêr springe se no fan ôf. Doe't se dat foar it earst besochten, kamen se ta de konklúzje dat se wol tige fier sprongen. En de oertreffende trep fan skyspringen wie berne.

Skyfleane. Dat dogge se yn Planica. It wrâldrekôr stiet op namme fan de Noar Johan Remen Evensen, de man sprong yn 2011 246,5 meter, yn it Noarske Vikersund. Yn Planica kaam Bjørn Einar Romøren ta 239 meter. Troch de loft, mei as doel sûnder de skonken te brekken wer del te kommen. Dêr is Planica dus ferneamd troch wurden.

Skyfleane en skye dogge jo leafst by de berch del, dat giet it maklikst.

Hjoeddedei binne der bling-bling dwazen dy't alle sporten ferkrêftsje en der in parody op meitsje. Ien om te ûnthâlden is dizze. Sjoch nei it plaatsje en jo snappe daliks wêrom't ik nea Red Bull drink. By in skâns opklimme, wylst der in skylift is? Dwazen. Hjir is Planica dus nea ferneamd troch wurden, omdat it gjin echte sport is. Wol kinne de cheerleaders simmers mei minder klean ta. Dat sil de ferkeap fan Red Bull wol stimulearje.





Reacties

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen