Kankerje om neat

 

'It wurdt sa stadichoan ekstreem,' sei Piet Paulusma niis.

Dêr hat er folslein gelyk oan. It dei oan dei eameljen, sangerjen, seuren, seiken, kleien, jeremiearjen, ettterjen, jittikmigen en kul spuien oer it waar nimt yndie ekstreme foarmen oan. Wat in freeslik laach is it dochs. De minsk, bedoel ik.

Witte jim wat maitiid is? Fiis, damp, dei oan dei reinwetter, jarrelucht, depresjes boppe de Dútske bocht en de oseaan, stoarmwaar en ja, it kwik in graad as wat heger. No, wat in foarútsjoch, net?

Sjoch ris nei bûten. Prachtich moai droech waar, sa no en dan in flokje snie. En dat yn maart. Om 'e doar sa skjin as de brân. Ynstee fan te lekskoaien soenen jim better wiis mei dit waar wêze kinne. Sa fan de droege winter yn de simmer. Maitiid is in tiid dy't je oerslaan kinne. Is neat oan. Moai droech friezend waar, yn ien kear oergeand yn moai droech barbeknoei waar.

Mar nee hear. De minsken moatte wat ha om oer te jeuzeljen. No, it snijt hjir. Lekker puh. Ik sil der út. It moaie waar yn.   

Reacties

  1. Wie zeurt krijgt een beurt.
    En als je blijft zeuren kan het gelijk gebeuren!

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen