Jasper S. en Rajiv van La Parra

Mohammed B. Jasper S. Ferdi E. Marco Bakker. Patrick Kluivert. Gino Coutinho.

Samar wat nammen. Nee, net samar wat nammen. Se ha allegearre in strafblêd. De iene hat in famke deamakke, de oare in supermerkman, de tredde in regisseur, de balskopper jage mei 104 km yn it oere immen nei de oare wrâld yn Amsterdam noard en ús bariton kocht in pear tefolle by de ArenA, dêrnei woe er sjen litte dat er syn Opel Omega noch prima de baas wie. Ien deade ta gefolch. En ús Gino, keeper fan ADO Den Haag, hat griene fingers, mar himp kweke yn de Flevopolder mei no ien kear net.

Wat falt my en jim no op? Krekt. De nammen.

Yn Nederlân bestiet in soarte fan etikette. Wy witte wol dat Jasper S. Jasper Steringa hjit, mar dat sizze sjoernalisten, kranten, radio en TV net. Dy sizze Jasper S. Yn België dogge se dat net. Dêr leit jo namme daliks op 'e dyk.

Wat is it dan nuver dat soks mei BNers wol bard. Juster liet ik jim in pear foto's sjen fan in auto, dy't net mear ride woe. De bestjoerder wie in 21 jierrige balskopper fan de SC Hearrenfean. Dy hie in slok op en jage tsjin in beam oan. Ik hie der gjin namme by setten. Eins hie ik der Rajiv van La P. by sette kinnen, nei goed Hollânsk gebrûk.
Jim hienen dan daliks witten dat it om Rajiv van La Parra gie. Mar dat docht der net ta, it giet om it principe.
Is it slimmer as Mohammed B. immen deamakket? Marco Bakker feroarsake in deadlik ûngefal. Mei drank op. Like slim, tink ik dan. Dat sil dus net de reden wêze.

Soe immen my fertelle kinne hoe't dat sit? 


Reacties

  1. Mohammed B. gie de dyk út om te moardzjen.
    Ik tink net dat Marco B. yn syn Opel Omega stapte om bewust immen dea te riden yn'e parkeargaraazje fan'e ArenA. Dat is it iennige ferskil. De beide omkommen minsken binne fansels lyke slim.
    De minsken dy't bewust immen deamakke hawwe wurde mei de earste letter fan'e efternamme neamd. Misskien om linchpartijen foar te kommen?

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen