In flokkende skeppe

Dit wie oant hjoed myn skeppe. Ja, it is noch myn skeppe, mar hy is mei de fut. Nuver, mei de measte dingen krije jo net in bân, mei dizze skeppe wol. Ik ha him kocht flak neidat myn frou en ik de lapen gear smiten hienen. Dat wol sizze dat ik dit stik ark 19 jier hân en brûkt ha. Sa'n skeppe foarmet him nei jo hân, dizze siet bryk oan de stok, mar krekt goed bryk. Ik koe der mei lêze en skriuwe.

Yn myn wurk komme jo wolris wat frjemde saken tsjin, as dizze skeppe prate koe soe er allemachtich flokke oer alle kearen dat ik him boppe-op in stik pún of in taaie beamwoartel raamd ha.

De lêste dagen gie it hurd. Krekt as wie er gear. Mei de foarhammer hie ik him al in kear as wat yn it fatsoen slein, mar de kriich wie der út. Fannemoarn joech er it oer en bruts. It ferbân is der út, ik kin der neat mear mei. Hast tweintich jier âld.


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen