Fleurich bloch! Jippie!!!

Mear as 600.000 minsken sûnder wurk.
Weach fan ûntslaggen yn de soarch ferwachte.
2000 lju boppe de 100.
List mei rjochterlike flaters wreidet mei de dei út.
Oerfal mei eksplosiven op in jildauto.
Deade by slim ûngemak A32.

No, sa ha we de hichte wol, soenen jo sizze. Dat is in rige mei min nijs, dêr kinne jo de krante wol mei folskriuwe.

Ik wie oant side 3 fan de 52 ta... 

Wie der dan op dy trije siden neat aardichs? No, as jo in PvdA minister fan ynlânske saken dy't him drok makket oer âlvestêdekrúskes aardich fine? Dan ha jo de haadpriis. Neffens my binne der wichtiger saken dêr't Plasterk him drok oer meitsje moat. It skrassen fan de proefballon Noardlik lânsdiel bygelyks. En Lutz mei in Fryske sjaal op de foto? Ja, ja.


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen