BREKKEND: IN NIJE AVA!!!

Yn myn kantoarke (hokje) hingje in stik as wat saken oan de wand. In Fryske skriuwerskalender, dy't ik altyd ferjit op de goede bledside te dwaan, in skilderij fan in ko, makke troch myn sus en dus hartstikkene djoer, in tegeltsje fan de Fryske hinneklup (sammelpriis 1998-1999), in boerd mei de spreuk: De wrâld is goed, mar... Jim witte it ferfolch wol. De hoarnen fan Klaske, in pear foto's fan de bern en in opstoppe iikhoarn (sels deariden). 

En as lêste myn hoed. Dy komt út de USA. Sa'n ding nimme jo mei as jo dêr binne. Om him dêrnei oan de wand te hingjen, want dy cowboyhuodden binne hjir net yn de moade. Hy hinget dêr no 25 jier stof te garjen, mar fuort dwaan dogge jo him net. Op in dei komt junior mei de fraach oft se him wol brûke mei. Jo sette it ding op de holle en foar de grap sjitte se der wat plaatsjes fan. Hmm...

Witte jim wat in AVA is? Ik wist it net. Mar it blykt de profylfoto op de sosjale media te wêzen. It tige betrouwbere netwurk fan hechte freonen en sa. Guon miene dat him dêr it echte libben ôfspilet.

No, prachtich. Dan set ik myn nije AVA der op. Ek in tige realistyske ôfspegeling fan hoe't ik der deis by rin.

Reacties

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen