Bespreeksteek




Besprekstek

https://www.facebook.com/Besprekstek?ref=ts&fref=ts

Hjoed tiid foar wat reklame. AnneTjerk Popkema, ja, dy fan de Obe Postmapriis, hat op Facebook in side oanmakke dêr't je resinsjes oer Fryske boeken op lêze kinne, of sels oanleverje.
Net alhiel nuver dus dat de side Besprekstek hjit. Dy Friezen yn Grins binne Frysker as de Friezen.

Set it oer yn Bokwerds en je ha Bespreeksteek. Moai.

Dy side fertsjinnet it dat der in soad minsken nei sjogge en lêze wat oaren oer en fan Frysk proaza en dichtbondels fine. Oant no ta ha 40 minsken in 'like' efterlitten. Fierstente min fansels. Dus as de donder nei it besprekstek en lit witte dat jim it sjoen ha. Boppedat hjoed in besprek oer It dak fan de wrâld, sa't in besprek wêze moat. Koart troch de bocht en helderop. Lokkich wie it posityf... 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen