Fragen
Om noch efkes op myn bloch fan earjuster werom te kommen, der docht him in oare situaasje foar.
Twa fan de trije swannen dobberje no tegearre om, en ik wie al bang dat de oare ferdreaun wie. Mar niis seach ik noch in spantsje, wêrfan't de iene dyselde mei bloed op de fearren is. Soks ropt fragen op.
Is er blyn?
Hat er besocht om dy oare te krijen omdat sy moaier is? Ik sjoch gjin ferskil, mar ha dan ek gjin ferstân fan swannewyfkes.
Wêr wie syn eigen partner doe't hy mei de oare oan it knokken wie? Efkes op besite by kunde?
Woe er in harem opbouwe? Neffens my binne swannen monogaam, mar der sil grif in dwerskop tusken sitte.
Wit syn partner fan syn brike fiten? Moat hast wol, want om no te sizzen dat er him yn it kin feecht hat mei it skearen, dêr trapet sa'n wyfke net yn fansels. En it is allegearre bloed. Dus dat falt op.
Fragen, fragen...
Earst mar kofje.

Reacties
Een reactie posten